Katern: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
It wurkjen mei katerns is ûntstien út it brûken fan [[perkamint]]. Perkamint waard makke út bistehûden en as it fel perkamint klear wie om te brûken waard it ién of mear kearen ploaid om it op it winske formaat te krijen. Dêr ûntstiene boekformaten út as it ''yn folio'' (2°) better bekend as de [[foliant]], ''yn kwarto'' (4°), ''yn oktavo'' (8°), ''yn duodesimo'' (12°) ensafuorthinne. De nammen fan it formaat binne ôflaat fan it tal resultearjende folia yn it troch tearen foarme katern. Omdat de maksimale grutte fan it fel perkamint dat út in hûd makke wurde koe sawat fêstlei, stie it boekformaat dat troch it tearen ûntstie ek min ofte mear fêst. In foliant wie dus it grutste boekformaat, it ''yn kwarto'' formaat wie mar heal sa grut ensafuorthinne.
 
Se koene katerns ek gearstalle troch meardere bifolia yninoar te skowen en sa te sammeljen yn in katern. Op dy wize koene katerns ûntstean dy’t net troch it midstroch tearen fan perkamint of papier makke wurde koene lykas de quinonkwinion (quintinionkwintinion) besteande út fiif bifolia of it trinion (ternion) mei trije bifolia. Yn de midsiuwen waard dy technyk brûkt foar it gearstallen fan katerns frij algemien brûkt en as it katern ûntstie troch tearen waard it hiel wol iepen snien foar it beskriuwen of beskilderjen mei miniatueren. It bifolium wie de ‘’wurkienheid’’ fan de skriuwer en de ylluminator.
 
It formaat joech ek in sekere status oan it boek mei. Sa wie it ''Houwelijck'' fan [[Jacob Cats]] yn 1647 te keap yn twa edysjes. De ''yn kwarto'' ferzje jilde fiif gûne wylst de duodesimo edysje mar ién gûne en fjouwer stuorren gou, mei oare wurden mar in fjirde fan de gruttere útjefte.<ref>B. van Selm, ''... te bekomen voor een Civielen prijs''. De Nederlandse boekprijs in de zeventiende eeuw als onbekende grootheid, 2001 dbnl. s.98</ref>