Boek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Daam (oerlis | bydragen)
Rigel 62:
* [[non-fiksje]] of ynformatyf boek: it doel is om ynformaasje fan de auteur oer te dragen oan de lêzers
 
Der binne it literêre boek, it (âlderwetske) [[printeboek]] en it fotoboek. Elts boek wurdt yn in beskate kategory yndield, lykas [[sciencefiction]], [[roman (literatuer)|roman]], [[poëzij]] of [[skriller|detektive]], en foarsjoen fan in Ynternasjonaal Standert Boeknûmer ([[ISBN]]), in universeel administraasjenûmer. Ek wurde de skriuwer(s), de útjouwer, de eventuele oersetter en oarspronklike titel, de ferskate printingen en oare bysûnderheden yn it boek opnommen, meastentiids yn it [[kolofon]], dat meast foar yn it boek en inkeld efteryn te finen is. Gauris hat in boek in [[prolooch (foarm)|prolooch]] (foarwurd) nedich en/of in ynlieding. Guon boeken ha in [[epilooch]] (neiwurd).
 
In boek hat in foarwurk, in haadpart en in neiwurk. It foarwurk hat faak in Frânske- of titelside, in copywrightside, in foarwurd en in ynhâldsopjefte. It haadpart hat de haadstikken, meastentiids in soad siden ynhâld en inkeld yllustraasjes en/of foto’s. It oansjen wurdt útmakke troch de brûkte lettertypes, de [[blêdspegel]], de tekstyndieling, de papiersoarte, it formaat en de foarm fan it boek.