Ets: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
útwreiding
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
==Etstechnyk ==
Yn it tiidrek fan it ûntstean fan de gravuere fûnen se út dat metaal reagearre mei in soer of in [[baze (skiekunde)|baze]], dêr’t it metaal troch oantaaste waard. Dêr ûntstie de etstechnyk út, dy’t ek hieltyd mear brûkt waard yn de boekdrukkeunst.
It etsen bart op in koperen of sinken plaat. Dy plaat mei polyste wurde mei fyn skjirpapier of polystguod om in sa glêd mooglik oerflak te krijen. De skerpe rânen wurde - as dêr ferlet fan is - mei in faset mei in skeane kant foarsjoen, troch de sydkanten mei in [[file|sswieteswiete file]] of skjirre wat skean te meitsjen. Dat om foar te kommen dat by it ''ôfslaan'' de hannen iepenhelle wurde en ek om it [[drukkersfilt]] te beskermjen tsjin snijïngs troch de och sa hege druk fan de [[etsparse]].
 
De foarkant (byldside) fan de metalen plaat wurdt ôfdutsen mei etsgrûn, in floeiber opbrochte laach dêr’t foar it meastepart bijewaaks en white spirit yn sit, of in bal hurde etsgrûn, dy’t op in ferwaarme plaat útrôle wurdt. Om lokale plakken ôf te dekken, lykas by [[akwatint]], brûke jo in ôfdeklaach, ôfdek[[fernis]] neamd, dy’t út asfaltpoeier en terpentine bestiet. De efterkant fan de plaat dekke jo ôf mei spirituslak (skellak oplost yn spiritus). Dat is handich by it skjinmeitsjen fan de byldkant, om’t skellak (gomlak) allinnich mei alkohol (etanol, metanol) of thinner oplost en de fernis oan de byldkant (foarkant) allinnich mei terpentine of white spirit. Faak brûke se om de efterkant ôf te dekken brune tape (plakbân) wat gau oan te bringen is. Dêrnei bringt de etser mei in etsnudle of skerp ding de ôfbylding (line-ets) yn de ôfdeklaach oan, rekkenjend mei de ôfdruk dy’t yn spegelbyld op de ôfdruk (drager, blêd) komt te stean.