Non-fiksje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 1:
{{Literêr Sjenre}}
'''Non-fiksje''' is ien fan 'e beide haadferdielings fan [[proaza]], en it tsjinstelde fan [[fiksje]], sa't al yn 'e term besletten leit. Non-fiksje bestiet út ferslaggen dy't útslutend basearre binne op feitlike foarfallen. Sokke beskriuwings en bewearings kinne lykwols ûnwier wêze, benammen op punten dêr't ynformaasje ûntbrekt en dêr't de [[auteur]] oannames meitsje moat, of op punten dêr't de auteur betrouwe moat op âldere boarnen dy't mooglik net sekuer binne. Soks komt bygelyks gauris foar yn 'e [[skiedkunde]], wêrby't men faak lang net alles mear persiis neigean kin. Ek komt it foar dat de auteur ienfâldichwei de mienings of leauwensoertsjûgings fan trêden trochjout, bygelyks as it oer [[mytology]] of [[religy]] giet. Non-fiksje hoecht tsjintwurdich net mear needsaaklikerwize út skreaune tekst te bestean, mei't men likegoed gebrûk meitsje kin fan media as [[tillefyzje]] en [[film]].