Ferskil tusken ferzjes fan "Meidogger oerlis:Pierlala"

== Ofbyldings ==
Goeie, Pier. Ik wit net oft sokke foto's auteursrjochtlik beskerme binne. It liket my net, mar ik bin gjin ekspêr op dat gebiet. Ik fyn persoanlik de bewurkings dy't jo makke hawwe wol sa moai en fyn it allinnich estetysk al de muoite wurdich. As jo de orizjinelen wiskje wolle, sille jo, tink ik, de hiele brot wiskje moatte en de nije ôfbyldings op 'e nij oplade moatte. Want jo hawwe it no as nije foarm fan 'e oarspronklike ôfbylding opladen, en dan sit it spul oaninoar fêst. Teminsten, foarsafier't ik wit. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 19 maa 2017, 21.21 (CEST)
::Hmm... ik sil nochris op nl. en Commons sykje. At sokke foto's dêr stean bliuwe, dan sil it wol goed wêze. --[[Meidogger:PiefPafPier|PiefPafPier]] ([[Meidogger oerlis:PiefPafPier|oerlis]]) 19 maa 2017, 23.18 (CEST)
:Pier. Auteursrjocht wit ik neat fan. Earder [[meidogger:Swarte Kees]] en ik hawwe yn it ferline mûnlinge tastimming krigen, fan bygelyks Tresoar en partikulieren, om plaatsjes te brûken. Dy kamen net op Commons fansels, mar gin minske dy't him der om bekroade hat. Jo hawwe in tal ôfbyldings fan [[Histoarysk Sintrum Ljouwert]] opladen. Ik soe at ik jo wie dy lju fan HSL ris freegje oft dy plaatsjes brûkt wurde meie. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 19 maa 2017, 21.52 (CEST)
::Tastimming freegjen kin ek noch yn faze 2 (at de rjochtefrije dinkjes op binne). ;-) --[[Meidogger:PiefPafPier|PiefPafPier]] ([[Meidogger oerlis:PiefPafPier|oerlis]]) 19 maa 2017, 23.18 (CEST)
17.653

bewurkings