Hosty: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: thumb|right|300px|Lytse en grutte hosty It wurd '''Hosty''' komt fan it Latynske Se Hostia dat slachtoffer betsjut. Hosty en it [[eucharisty]...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 15 jul 2007 om 12.06

It wurd Hosty komt fan it Latynske Se Hostia dat slachtoffer betsjut. Hosty en it eucharisty bloed yn de miskelk wurde folgens de katolyke opfetting tidens de Mis offere. Yn de Katolyke tsjerke brekt de pryster tidens de Mis de Hosty yn stikken, lykas Jezus Kristus ek syn lichem dielde (om oan syn apostels te jaan), en dield dizze út oan de parochianen tidens de kommuny. Katoliken liuwe dat nei de epiklese en de konsekraasje de hosty echt is feroare yn it lichem fan Jezus. De hosty wurd ek oanbeden en kultysk brûkt, dit omdat nei de ferrizenis fan Jezus syn lichem net mear skieden kin wurde fan bloed, siel en godheid. (transsubstantiatie)

Lytse en grutte hosty

De hosty wurdt yn Nederlân en belgje en inkele oare lanen troch de parochiaan oanpakt en nei de mule brocht, mar yn froegere tiden mochten de parochianen de hosty net oanreitsje. De pryster en somtiden de diaken lei de hosty op de tonge fan de parochiaan. Yn de measte lanen is dit noch steats sa. De eastelike katolike tsjerken en de Ortodokse tsjerken liuwe itselde as de katoliken, mar sy brûke krekt as de protestanten gewoane bôle dat yn stikjes op in kostber pateen lein wurdt. De oasterske tsjerken jouwe de hosty ek wol mei de help fan in leppeltsje. Sy stopje de bôle earst yn de kelk en dogge it dan op de tonge fan de parochiaan.

Ofbyld:Ratzinger Szczepanow 2003 7.jpg
Paus Benedictus XVI sit efter de bekers mei hosty dy't útdield wurde tidens de kommuny

Yn de protestantske tsjerken wurdt net liuwt dat de bôle in feroaring ûndergiet fan bôle nei it lichem fan Kristus. Men brekt de bôle gewoan tidens it jûnsmiel. De gelovigen krije de bôle op de han. Sy brûke de term hosty net foar de bôle.