Ferskil tusken ferzjes fan "Roarik"

58 bytes grutter ,  13 jier lyn
ôfbylding derby + noch in flaterke fûn en fuorthelle
L (ik haw de ynleiding wat oanpast, dit wie my noch net nei it sin)
(ôfbylding derby + noch in flaterke fûn en fuorthelle)
[[Image:Rorik by H. W. Koekkoek.jpg|thumb|right|220px|Rorik]]
'''Rorik''', ek wol '''Roerik fan Dorestêd''' of '''Hrörek''' wie in [[Denemarken|Deenske]] [[Wytsings|Wytsing]] dy't tusken [[850]] en [[880]] hearske hat oer in grût part fan [[Nederlân]], dat yn dy tiid [[Fryske ryk|Fryslân]] hiete. Hy krige fan de Frankyske kening dat gebiet als greefskip in lien en wurdt derom as in ''Fryske greve'' beskôge, mar it kin ek west hawwe, dat er him sels [[kening]] fan Fryslân neamd hat.
 
 
==Greve fan Fryslân==
Yn [[841]] krige hy fan de Frankyske keizer [[Lodewyk de Fromme]] it eilân [[Wieringen]] yn lien tawezen. De keizer besocht hjirmei de Deenske Wytsings fan fan plonderje ôf te hâlden. It greefskip lykernôch hâlde him net fan it plonderje ôf. Tegearre mei syn broer [[Harald]] oermasterre hy de Fryske gebieten fanút de eilannen [[Wieringen]] (Rorik) en [[Walcheren]] (Harald). Yn [[850]] moast de nije keizer [[Lotarius II]] him by de hearskippy fan Rorik oer Fryslân del lizze. Yn datselde jier oermasterre Rorik de wichtigste stêden [[Dorestêd]] en [[Utert (stêd)|Utert]], wertroch de biskop fan Utert, [[Hunger]] him útwieke moast nei [[Deventer]]. De [[Frankyske Ryk|Frankyske]] keningen stienen machteleas tsjinoer de ynfallen fan de Wytsings en besochten de Wytsingslieders oan har ta bine troch grute gebieten yn lien te jaan.
 
Rorik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekke tusken it [[Fly]] en [[Maas]], dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige [[Hollân]] (Noard en Súd) en [[Utert (provinsje)|Utert]].
Anonime meidogger