Beatrixoard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
oanf. Olmen Es
No edit summary
Rigel 1:
'''Beatrixoard''' wie in [[sanatoarium]] yn [[Appelskea]] fan [[1922]] oant [[1963]], it ienige sanatoarium foar [[tuberkuloaze]]pasjinten yn de trije noardlike provinsjes. It waard oprjochte as Frysk Folkssanatoarium op [[De Jouwer]] yn [[1910]] as resultaat fan in aksje fan de Fryske befolking. Nei de [[WKII|oarloch]] is de namme feroare yn Noardlik Sanatoarium Beatrixoord.
 
Yn 1950 woe it bestjoer Beatrixoord foar in gedieltepart oerbringe nei de stêd [[Grins (stêd)|Grins]], wat in stoarm fan protesten yn Fryslân teweech brocht. Yn septimber [[1954]] besluet de algemiene gearkomst fan de sanatoariumferiening mei 363 stimmen (meast GrinsannerGrinslânske en DrintseDrintske) tsjin 202 (meast Fryske) en alve ûnthâldingen ta splitsing yn in nije ynrjochting foar moderne diagnostyk en sjirurgyske terapy by [[Haren]] en de restauraasje fan it basissanatoarium yn [[Appelskea]]. Beatrixoord teldehie doe in 400 bêden , de nije ynrjochting yn Haren om-en-by 300 bêden en in dikke 100 yn Appelskea.
 
Sûnt desimber [[1992]] is Olmen Es de wenenwurkmienskip op [[antroposofy]]ske grûnslach foar minsken mei in geastlik beheining en hat earst diels en letter it terein yn eigendom. Yn [[2002]] waard it eardere röntgengebou ynrjochte as [[Tuberkuloazemuseum]].