Douwe fan Aylva: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
kt
Rigel 1:
'''Douwe fan Aylva''', ( [[Haniastate (Holwert)|Haniastate]] yn [[Holwert]], [[1579]] - dêre, [[8 augustus]] [[1638]] ), en begroeven yn Holwert. Soan fan [[Ernst fan Aylva]] en fan IJdt fan Herema.
 
Komt yn [[1611]] it earst foar ûnder de [[Steaten fan Fryslân]], waard [[31 maart]] [[1618]] oansteld as [[grytman]] en [[dykgraaf]] fan [[West-Dongeradiel]] en folge as steatelid yn [[1620]] de lykstaasje fan [[Willem Loadewyk fan Nassau]]. Hie grutte ynfloed yn Fryslân, mar wie om syn trochdriuwen en opljeppend aard by it folk en de predikanten net bemind, wat benammen blykte by de skelen oer de it beteljen fan de algemiene belestings. De Steaten Generaal hienen al yn [[1625]] besocht om dy yn Fryslân op deselde foet as yn Hollân yn te barren, wêrom't in gesantskip nei Fryslân gien wie, dy't Westergoa en in diel fan Eastergoa foar it foarstel wist te winnen, mar benammen by de stêden en grutte wjerstân stuite. Der waard besletten om dan mar troch te gean en de melde middels by beslachlizzing yn te foarderjen, wylst oan greve Ernst Casimir as steedhâlder fan Fryslân opdroegen waard om de útfiering sa nedich mei wapens te ûndersteunen. Wylst yn april 1626 de [[Lândei]] hâlden waard, rûn it folk gear yn Ljouwert en foel yn lilkens oan op de grytman Douwe fan Aylva, doe't dy nei de Lândei gie. Hy hie amper gelegenheid om him yn in hûs yn feilichheid te bringen en it lilke folk soe it hûs grif binnenkomd en plondere hawwe, as net krekt op'e tiid twa findels bôgesjitters oanrukt wienen om him te beskermjen. De [[Lândei]] skiede yn betizing; greve Ernst, besykjend om mear kriichsfolk binnen de stêd te bringen, waard dêryn net allinnich behindere, mar waard twongen de besetting fan de stêd ûntwapenje te litten. Dêrta gienen de skutters sels de wanoarder yn de stêd tsjin troch it folk te behinderjen om de tichtby steande huzen te plonderjen. Op oare plakken, dêr't it fjoer al gau oersloech, rûn it mei de ûntfangers net sa bêst ôf. De gemoederen bedarren lykwols net eardat as doe't der in nije skikking yn it regear, begjin [[1627]], fêststeld waard. Hjirby fûnen Douwe fan Aylva en ek syn heit Ernst it riedsum om in skoftke bûten it bewâld te bliuwen. Letter namen se elk wer harren oandiel yn it bestjoer, mar it misnoegen hâlde oan en lôge sels yn 1635 sa heech op, dat it wer needsaaklik wie om in regaringsferoaring ta stân te bringen.
Rigel 15:
* Nederl. Adelsboek 1912, 70.
}}
 
{{DEFAULTSORT:Aylva, Douwe fan}}
[[Kategory:Frysk dykgraaf]]
[[Kategory:Frysk politikus]]
[[Kategory:Fryske adel]]
[[Kategory:Grytman fan West-Dongeradiel]]
[[Kategory:RiedshearPersoan berne yn Holwert]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn Holwert]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1579]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1638]]