Floaris V fan Hollân: ferskil tusken ferzjes

L
gjin bewurkingsgearfetting
L (robot Erbij: no:Floris V av Holland)
LNo edit summary
== Seelân ==
Mei it ferslaan fan de Friezen hie Floris V de noardlike grins fan Hollân sa fier opskood as mooglik. Yn de tuskentiid hie er Hollân ek nei it easten útwreide, dat no rjochte er de oandacht op de súdgrins. Hy besocht dêrby mear fan Seelân ûnder syn bewâld te krijen. Yn [[1290]] gong dat skeef en waard er by [[Bierfliet]] finzen naam. Hy moast fiergeande konsesjes dwaan, mar ien kear frij hold er him dêr net mear oan. Hij gong fierder yn syn stribjen nei gebietsútwreiding yn Seelân, en doe't syn stipe fan [[Edward I fan Ingelân]] wat dat oangie net genôch opsmiet gong er oer nei it Frânske kamp. Dit koe Edward fansels net akseptearre, en yn in komplot mei [[Gysbrecht fan Amstel]], [[Gerard fan Felzen]] en [[Herman fan Woerden]] waard 27 juny 1296 besocht him op 'e nij finzen te nimmen. Dat slagge, mar om't de trije net weikomme koenen deaden se harren finzene.
 
[[kategory:Hollânske greve]]
 
[[de:Florens V. (Holland)]]
2.222

bewurkings