Horror: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
 
De [[film]]yndustry liet him frijwol daliks ynspirearje troch de horrorliteratuer, sadat der al ier horrorfilms makke waarden. Lykwols wiene dy betide horrorfilms fanneeds mar frijwat amateuristysk, en pas fan 'e sechtiger jierren ôf koene de films de literatuer yn grizeligens belykje, mei de saneamde ''[[slasherfilm|slasher]]''- en ''[[splatterfilm]]s''. Tsjintwurdich is [[Stephen King]] ien fan 'e bekendste horrorskriuwers, mei wurken as ''Carrie'', ''The Shining'', ''It'', ''Misery'' en withoefolle oaren. Oare populêre horrorskriuwers binne [[Dean Koontz]], [[Brian Lumley]], [[James Herbert]], [[Clive Barker]], [[Ramsy Campbell]] en [[Peter Straub]]. Wylst de filmyndustry horror gauris kombinearret mei humor, lykas yn 'e ''[[Scream (filmsearje)|Scream]]''-filmrige, wurdt horror yn 'e literatuer no ek faak fermongen mei oare sjenres, lykas mei ''[[urban fantasy]]'' yn 'e boeken fan [[Carrie Vaughn]], en mei [[eroatyske literatuer]] yn 'e Goatyske romans fan [[Anne Rice]].
 
==Formule==
Horrorfilms folgje faak in tal fêste patroanen en formules. In tal fan dy klisjee- of formuleferskynsels waarden beneamd yn de ‘tûke’ horrorfilms ''[[Funny Games]]'' en ''[[Scream]]'' (1996). It personaazje ''Randy'' út de Scream-films ûnderwiist syn freonen yn de films sels oer sokke regels fan de horrorfilms:
 
*In personaazje (of stel) oerlibbet yn de horrorfilm Dat is meast it oantreklikste personaazje en/of spiler troch de bekendste akteur/aktrise. By de titels dy’t har ûnderskiede troch willemoeds fan dy formule ôf te wiken, hearre ûnder oare ''[[Funny Games]]'', ''[[Wolf Creek (film)|Wolf Creek]]'' en ''[[The Strangers]]''.
*De oanfallenen yn in horrorfilm ferwiderje it wapen selden fan it lichem fan de skynber deade of bewustleaze moardner, dy’t dêrtroch yn in folgjende sêne fannijs oanfalle kin of yn it neat ferdwûn liket te wêzen. In foarbyld fan in personaazje dêr’t dit faker as ienris by bart is [[Michael Myers]] út de ''[[Halloween]]'' filmrige.
*Faak bestiet in groep haadpersonaazjes út oerdreaun klisjeemjittige karakters. In groep hat meastentiids op syn minst ién sterk op seks rjochte personaazje, ién yntrovert en/of ûnderskat personaazje dat letter heldhaftich út ‘e hoeke komt en ién lûdroftich populêr personaazje. Foarbylden fan sokke gearstallings binne te sjen yn ûnder oare ''[[Halloween]] (1978), ''[[Friday the 13th]] (1980) en ''[[The Faculty]]''.
*In sterke oanwizing yn it begjin fan de film dat der dúdlik wat net doocht op in beskate lokaasje wurdt sûnder acht yn de wyn slein troch inkelde personaazjes, dy’t dêrby wol deeglik dêrtroch warskôge meipersonaazjes oerhelje dochs op it plak fan it ûnheil te ferskinen of te bliuwen.
*It is gjin goed idee foar in personaazje yn in horror om te freegjen oft der immen is of wa’t der is.
*It is gjin goed idee om in frjemd lûd te ûndersykjen.
*As de [[protagonist]] in auto wit te berikken, docht dy it de earste kear noait.
*As in protagonist konfrontearre wurdt mei de [[antagonist]] fan it ferhaal, flechtet er/se meast nei in plak sûnder útwei lykas in [[souder]] of [[kelder]], yn stee fan nei bûten troch de foardoar.
*As in personaazje yn in horrorfim ienkear seks hân hat, wurde syn/har oerlibbingskânsen in stik minder.
*It brûken fan drank en drugs betsjut ek in lytsere kâns op oerlibjen.
*In personaazje yn in horrorfilm dat de groep ferlit en dêrby oanjout dat er/se ''daliks werom is'', wurdt meast it folgjende slachtoffer.
*Neidat de antagonist sa’t it liket ferslein is, komt er altyd noch in kear werom foar in lêste oanfal.
*Yn in sequel falle mear slachtoffers.
*De stjersênes yn in sequel binne plastysker.
*Yn in tredde diel mei ferwachte wurde dat gegevens út de eardere dielen dochs noch ûnwier blike te wêzen troch in nije, ûnderlizzende ferhaalline.
*Aksjes dy’t personaazjes yn eardere dielen ûndernommen hawwe, kinne har fan it tredde diel ôf tsjin har keare.
*Fan in tredde diel ôf kin de moardner wolris boppenatuerlik en hast ûnferwoastber blike.
*Yn it tredde diel kin eltsenien in deadlik slachtoffer wurde, ek it haadpersonaazje. As it om in ôfslutend diel fan in trilogy giet, is it personaazje dochs net mear nedich foar in letter momint.
 
==Subsjenres==
As subsjenres fan horror kinne sjoen wurde:
 
*Slasherfilm
*Splatterfilm
*Meunsterfilm
*Kannibalefilm
*Sombyfilm
*Spûkferhaal
*Reli-horror
*Eksploitaasje/martelporno (gorno)
*'Found footage'
*Komyske horrorfilm
*Arthouse-horrorfilm
*Psychologyske horror
*Kultstreamings
 
== J-Horror ==
De Aziaten ha in ferlykbere skiednis kwa lingte fan de histoarje fan de horrorfilm as Jeropa en de Feriene Steaten. Dochs wiene Aziatyske produksjes begjin [[21e iuw]] ynienen ferantwurdlik foar it opkommen fan in populêre stream horrorfilms yn it westen. Dêrby giet it sawol om de [[Japan]]ske, [[Korea]]anske, [[Sina|Sineeske]] ensfh. produsinten sels, as om in rige Amerikaanske remakes dêrfan.
 
It relatyf breed droegen westerske súkses fan de J-Horror-films begûn yn prinsipe yn 2002 mei it útkommen fan [[The Ring]], in westerske remake fan [[Ringu]]. Yn it spoar dêrfan folgen remakes fan Japanske films lykas ûnder oare [[Dark Water]] (2005) en [[Ju-on]]. In grut persinaazje fan de J-Horror-films hat lytse famkes mei lang swart hier, grutte (faak bluodrige) eagen en wetter as fêste yngrediïnten. In oar part part bestiet út eksperimintele, yn it Westen hast net oant net foarkommende, ferhalen en ferhaalstruktueren. In bekende namme yn de lêste subkategory is [[Takashi Miike]], dy’t benammen besiket de grinzen fan it sjokkearjen op te rekken.
 
{{boarnen|boarnefernijing=