Loadewyk de Dútser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Lodewyk de Dútser''' ([[806]] — [[Frankfurt am Main]], [[28 septimber]] [[876]]) wie de soan fan keizer [[Lodewyk de Fromme]] en [[Ermengarde fan Haspengouw]]. Hy waard as '''Lodewyk II''' kening fan [[East-Francië]], it lettere [[Dútslân]]. Letter waard hy ek kening fan [[Lotharingen]], hjir as '''Lodewyk I'''. Hy krige de bynaam '''de Dútser''' om't him te ûnderskieden fan syn neef, [[Lodewyk II]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]], dy't kening fan [[Itaalje]] wie, en ek de keizerskroan droech.
 
Mei it [[Ferdrach fan Verdun]] waard it [[Frankyske ryk]] fan Lodewyk de Fromme ferpart oer syn trije soanen: Lodewyk de Dútser, [[Karel de Kale]] en [[Lotarius I]]. Sa al earder sein krige Lodewyk [[East-Francië]]. Nei de dea fan syn âldste broer Lotharius I waard syn part fan it Frankyske ryk, it [[Midden-Francië|Middenryk]], fierder ferparte ûnder syn trije soans: [[Lotarius II]], [[Lodewyk II]] en [[Karel de Jonge]]. Dizze trije neven fan Lodewyk koenen harren sels net handhaavje. Yn [[869 ]] pikte Lodewyk Lotharingen yn.