Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Rigel 65:
::::Ik fyn dy tastimming eins ûndúdlik. Tresoar mei allinnich tastimming jaan at se sels de auteursrjochten (krige) hawwe, mar dat blykt net út de ynformaasje dy't se publisearje op http://collections.tresoar.nl/ . De makker wurdt fermeld, of "ûnbekend", net oft de auteursrjochten oerdroegen binne. Dat is ek wat oars as it eigendomsrjocht fan de foto hawwe. Neffens de Auteurswet binne de rjochten al nei 70 jier ferrûn at de rjochthawwer ûnbekend of (in fotograaf yn tsjinst fan) in rjochtspersoan is. Dat binne no de foto's fan foar 1947. Oars 70 jier (mei ôfrûning op 1 jannewaris) nei ferstjerren fan 'e fotograaf. --[[Meidogger:PiefPafPier|PiefPafPier]] ([[Meidogger oerlis:PiefPafPier|oerlis]]) 21 maa 2017, 15.14 (CEST)
::::Yn teory binne de lêste [https://fy.wikipedia.org/wiki/Wiki:Ofbyld_list 2 foto's fan it Selskip Tetman de Vries] oer it rântsje. De makker is Foto Modern, Wurdumerdyk 14, Ljouwert. Dy advertearre net as rjochtspersoan (bgl. gjin "v.o.f."), en wie nei alle gedachten in ienmanssaak fan S.J. Duiker (stoarn yn 1956).<sup>[http://photographen.nl/fotograaf/185-modern-foto],[http://resolver.kb.nl/resolve?urn=MMMVC01:000000036:00869],[https://rkd.nl/explore/artists/462702]</sup> Dat it auteursrjocht ferrint 1-1-2027. Wy moatte tastimming hawwe fan de neibesteanden fan S.J. Duiker of, at de rjochten doedestiids oerdroegen binne, it Selskip Tetman de Vries of in oare opdrachtjouwer. Tastimming nedich hawwen fan in fotosaak is fansels frjemd, en it liket om publisiteitsfoto's te gean, dat ik gok op de neibesteanden fan it revueselskip. --[[Meidogger:PiefPafPier|PiefPafPier]] ([[Meidogger oerlis:PiefPafPier|oerlis]]) 22 maa 2017, 11.35 (CEST)
 
== Fraach oan ús technyske man ==
 
Goeie, Pier. Soene jo ris sjen wolle nei wat meidogger Sjoerddebruin der ûnderoan op [[:Wikipedy:Siden wiskje]] by set hat? Want dat is in technyske side wêrfan't ik net beoardielje kin oft dy yndie fuort kin. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 23 maa 2017, 16.33 (CEST)