Komeedzje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
In '''komeedzje''' (fan it [[Aldgryksk]]e κωμῳδία, ''kōmōidia'', letterlik: "feestsang" of mooglik "doarpssang") is in literêr [[sjenre]] en in foarm fan [[toanielstik|toaniel]] en film dy't him yn 'e [[Aldheid]] ûnderskate fan 'e [[trageedzje]] trochdat it minder swiersettich fan toan wie en in ''happy end'' hie. De komeedzje kin tebekfolge wurde oant [[425 f.Kr.]], nei it oeuvre fan 'e [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] [[Aristofanes]]. Yn 'e [[Renêssânse]] hat benammen de [[William Shakespeare]] dit âlde sjenre nij libben ynblazen. Pas fan 'e [[njoggentjinde iuw]] ôf is de betsjutting fan "komeedzje" ferskood yn 'e rjochting fan hilarysk humorisme (yn dy betsjutting wurdt in toanielkomeedzje ek wol in '''blijspul''' neamd). Yn it âlde [[Grikelân]] bestie dat sjenre trouwens ek, mar waard it gjin komeedzje neamd, mar [[saterspul]].
 
Der binne ferskillende yndielings foar komeedzjes mooglik:
* neffens medium:
** teater;
** film;
* neffens doer: [[ienakter]], spul yn trije [[Akte (toniel)|bedruwen]], langspylfilms, [[koarte film]]s, [[tekenfilm]]s;
* neffens sjenre: komyske [[Ferhaal|fertelling]] (faak as [[monolooch]], [[stand-upcomedy]]), vulgêre komeedzje of [[klucht]], [[slapstick]], [[parody]], [[Parody|persiflaazje]], [[revu]] of [[kabaret (klienkeunst)|kabaret]], romantyske komeedzje, [[tragikomeedzje]], [[Vaudeville]].
 
== Teater ==
It teater en it folksteater (amateurtoaniel) krije noch hast allinnich publyk by jierlikse feesten yn ien of d’oare stêd.<ref>Lykas mei de [[Gentske Feesten]]</ref> Fryslân kipet dêr mei syn toanielferienings en doarpsmienskippen posityf út.
 
=== Komeedzjes fan Shakespeare ===
Tradysjoneel binne de toanielstikken fan [[William Shakespeare]] groepearre yn trije kategoryen: drama’s, komeedzjes en histoaryske stikken.
''Komeedzje'' hie yn de Elizabethaanske tiid in oare betsjutting as dy fan de moderne komeedzje. In komeedzje fan Shakespeare wie in toanielstik mei in happy end, meast mei houliken tusken de net-troude personaazjes, en in mear ludike toan en styl as syn oare stikken. Komeedzjes fan Shakespeare ha faak tema’s as:
 
*De striid dy’t jong-ferealen leverje moatte om swierrichheden te oerwinnen, dy’t faak troch âlderen feroarsake wurde
*Skieding en werferbinen
*Persoansferwikseling
*Tûk personiel
*Ferhege spannings, faak binnen in famylje
*Meardere, meiïnoar ferweve plots
*Gâns wurdboarterijen
 
Ferskate komeedzjes fan Shakespeare, lykas ''[[Measure for Measure]]'' en ''[[All's Well That Ends Well]]'', hawwe in ûngewoane toan mei in net maklike kombinaasje fan humor en tragyk, wêrtroch’t se as probleemstikken kategorysearre wurde.
 
== Film ==
Tsjintwurdich easket de film yn de bioskoop en de ''comedy'' ([[sitcom]]<ref>Inkelde fan de talleaze foarbylden: ''[['Allo 'Allo!]]'' (Eng.), ''[[Schone Schijn (telefyzjesearje)|Schone Schijn]]'' (Ing.), ''[[Smack the Pony]]'' (Ing.), ''[[3rd Rock from the Sun]]'' (Am.)</ref>) op telefyzje fierwei it measte omtinken op.
Komyske langspylfilms ha meast in happy end, mar soms net, dan ha jo it oer in tragikomeedzje. Meast komt der nettsjinsteande in ferminging mei tragyske situaasjes romantyk by om de hoeke. De komyske film hie syn earste hichtepunt foar it trochbrekken fan de lûdsfilm op ‘e ein fan de tweintiger jierren yn de Feriene Steaten: films fan [[Charlie Chaplin]], it duo [[Stan Laurel]], [[Oliver Hardy]] en de stuntman [[Buster Keaton]]. Yn resintere tiden kinne wy de (koart)films fan [[Dean Martin]], [[Jerry Lewis]], [[Bob Hope]], [[Peter Sellers]], [[Monty Python]], [[Mel Brooks]], [[Eddie Murphy (akteur)|Eddie Murphy]], [[Steve Martin]], [[Jim Carrey]] en [[Rowan Atkinson]] ([[Mr. Bean]]).
 
It is ek folle dreger om in komeedzje te skriuwen as in trageedzje <sup>(Boarne:?</sup>: komeedzjes ha meast in makliker te foarsizzen ein, mar it skriuwen fan de plot is gjin sinekure. Eltse grappige draai (sawol yn teater, stand-upcomedy as yn film) wurdt tsjintwurdich hifke op har wurking foar in foar dit doel gearstald publyk, ear’t de beslissing falt om yn produksje te gean.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Comedy ''References'', op dizze side].
 
}}
<references/>}}
 
[[Kategory:Komeedzje| ]]