Content deleted Content added
Rigel 130:
 
::Begryp my goed, jo wurdt neat ferwiten. Jo sizze, jo hawwe der neat fan meikrigen -- dat hie ik hast wol tocht, dêrom lei ik hjirboppe yn it koart de saak ek al even út. As jo der mear fan witte wolle, moatte jo mar even op 'e oerlisside fan Drewes sjen. It spul dat der earder wie, hie mar sydlings mei de stavering te krijen, en folle mear mei Yn 'e Wâlden syn hâlden en dragen. Hy is doe in heal jier útsletten, mar doe't dy tiid om wie, is er daliks wer op 'e âlde foet fierder gien, en dêrom is er no foar fiif jier útsletten. It berjocht dat Yn 'e Wâlden oan jo skreaun hie, hie neat mei dizze saak te krijen, en hie eins hielendal net folle om 'e hakken. It liket my ta dat it benammen bedoeld wie om in lange noas nei de behearders te meitsjen troch even sjen te litten dat er him neat fan ús oanlûkt. As jo witte wolle wat er woe, moatte jo yn 'e sideskiednis fan jo oerlisside de ferzjes dy't hy tafoege en dy't ik wiske haw, mar even mei-inoar ferlykje. Ik begryp wol dat jo nijsgjirrich binne, mar it punt is even dat Yn 'e Wâlden it rjocht ferspile hat om mei te dwaan oan 'e Wikipedy, en dus ek om fia de Wikipedy mei meidoggers te kommunisearjen. As ik syn berjochten stean liet, soe ik ymplisyt de malafide praktiken goedkarre dy't er brûkt om tsjin syn folsleine útsluting yn dochs wizigings oan te bringen en berjochten efter te litten. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 1 maa 2017, 00.12 (CEST)
 
== Tsjerken Hahnenklee en Clausthal-Zellerfeld ==
 
Soene jo ek fan de bysûndere tsjerken fan Hahnenklee en Clausthal-Zellerfeld yn de Harz in wiky meitsje wolle? Ik hie soks al earder frege, mar doe waard soks net tastien. As eat fuorthelle is, dan kinne jo altiten oer it knopke skiednis ien en oar noch weromhelje. Cor Jousma