Hearlikheid Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]] better
Rigel 2:
'''Hearlikheid Fryslân''' is de beneaming dêr't it [[Fryslân|Fryske]] gewest mei oantsjutten wurdt yn it tiidrek tusken [[1524]] oant [[1795]]. It ûntstie doe't [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] de rjuchten oer Fryslân krige en einige mei de oprjochting fan de [[Bataafske Republyk]]. Fryslân waard yn dy tiid regearre troch [[steedhâlder]]s.
[[Ofbyld:Heerlijkheid Friesland 1680.jpg||thumb|left|De Hearlikheid Fryslân yn 1680.]]
Yn [[1580]] waard it grutste diel fan Fryslân opnommen yn de [[Uny fan Utert (skiednis1579)|Uny fan Utert]]. It gewest waard doe oantsjutten as in "algemiene hearlikheid" oftewol ''"Heerlykhied Fryslân"''. Fanwege de ynterne ferdieldheden waard [[Fryslân]] as fiifde yn rang, dus nei [[Hearlikheid Utert|Utert]], yn it ferbûn opnommen.
 
De steaten fan Fryslân wienen gearstald út ôffurdigen fan de 11 stêden: [[Starum]] (1118), [[Harns (stêd)|Harns]] (1243), [[Drylts]] (1268), [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] (1285), [[Dokkum]] (1298), [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] (1331), [[Hylpen]] (1372), [[Frjentsjer]] (1374), [[Warkum]] (1399), [[Sleat]] (1426) en [[Snits]] (1456) en út de 30 [[gritenij]]en.