Pest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 40:
 
=== Bedoarne loft ===
In skoftlang hawwe minsken ek tocht dat de pest ferspraat waard troch bedoarne en besmette loft. Yn de strjitte baarnden se tûnen mei pik, bytiden ek krûden. De reek moast de besmette loft ferdriuwe. Fan de [[16e iuw]] ôf ferskynden der pesthuzen dêr't pestlijers ûnderbrocht waarden, faak mei leproaspasjinten en gekken. De pesthuzen stienen faak bûten of oan de râne fan de stêd, dêrmei woene se de siken ôfsûnderje fan de oaren. De pestlijers waarden fersoarge troch in [[pestmaster]], ek wol snaffeldokter neamd. In pestmaster droech in lange jas mei in masker dat like op in pinguinbek. Dit masker wie fold mei krûden om de kweade dampen tsjin te gean. De dokters behannelen de minsken troch switkueren, ierlittingen en klysma’s te jaan. Ek snijden se de bûlen wol fuort. Dit helle allegear neat út, it gie om in firus.baktearje, Marmar omdat bytiden minsken wol better waarden gie men troch mei de behanneling.
 
== Sinleaze maatregels ==