Fjetnamoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 4:
== Oanlieding ==
[[Ofbyld:Gen-commons.jpg|thumb|left|Geneefske fredesbesprekkings]]
It eardere [[Yndo-Sina]] (Fjetnam, Laos en Kambodja) wie sûnt healwei de [[19e iuw]] ûnder [[Frankryk|Frânsk]] bestjoer oant de [[Twadde Wrâldkriich]] dêr in ein oan makke. Yndo-Sina waard troch de [[Japan]]ners beset en yn dy tiid ûntstie in fersetsbeweging, de ''"Fietminh"'' neamd, besteande út nasjonalistyske kloften dy't harren krêften bondelen. Dizze beweging dêr't [[Ho Tsji-Minh]] de grutte lieder fan wie, rjochte harren ynearsten tsjin de Japanners en letter ek tsjin de Frânsken doe't dy nei de Japanske kapitulaasje werom kamen (sjoch: de [[Frânsk-FjetnameeskeEarste kriichYndosineeske Oarloch]]). De [[Feriene Steaten]] waard yn dizze kriich belutsen doe't sy de Frânsken militêre stipe joegen. De akkoarden fan Geneve, in fredesferdrach, makke yn july [[1954]] in ein oan dizze kriich. De koloniale hearskippij fan Frankryk oer Yndo-Sina einige, Laos en Kambodja waarden selsstannich en Fjetnam ferparte yn twa tiidlike sônes (skiedsline de 17e breedtegraad). Ek wie der ôfpraat dat yn [[1956]] yn hiel Fjetnam ferkiezings hâlden wurde soene.
 
Al gau die bliken dat de Feriene Steaten gjin fertrouwen hienen yn it fermogen fan de regearings yn Kambodja, Laos en Súd-Fjetnam om op eigen krêft it fierder opkringen fan de kommunisten tsjin te hâlden. Dêrom waard de [[SEATO]] oprjochte mei as doel de ûnôfhinklikens fan dizze lannen garandearje te kinnen. Wylst de Amerikanen oan Súd-Fjetnam stipe taseinen, beloofde [[Sina]] it noarden help by it werstel fan de ynfrastruktuer. Yn oktober 1955 waard yn it suden in [[referindum]] hâlden dêr't de befolking har yn útspruts foar ferfanging fan it regear fan [[Bao Dai]] troch syn premier [[Ngo Dinh Diem]], dy't in diktatuer festige. It Noardfjetnameeske regear stie oan op útfiering fan de yn de ''Geneefske akkoarden'' bepaalde ferkiezings, sadat Fjetnam wer ferienige wurde koe. Troch Ngo Dinh Diem waarden de Noardfjetnameeske foarstellen lykwols hieltyd ôfwiisd ûnder it mom dat frije ferkiezings yn it noarden ûnder de kommunisten net mooglik wie.