Tsjerke fan Tytsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = Fitustsjerke | ôfbylding = Tytsjerk, Fitustsjerke.jpg | ôfbyldingsbreedte = 275px | ôfbyldingstekst...
 
L [[]]
Rigel 36:
Ut de fûneminten fan de tsjerke hat bliken dien dat der al tusken 1200 en 1300 in stiennen tsjerke stien hat, dy't yn it plak kaam fan in mooglik houten foargonger. It midsiuwske sealtsjerkje waard al yn 1719 ôfbrutsen en op it plak waard yn 1720 útein set mei de bou fan de tsjintwurdige tsjerke. Ta oantinken dêrfan waard in gevelstien mei it jiertal 1716 yn de foargevel ynbrocht. Sûnt hawwe der meardere ferbouwings west. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard de tsjerke ferboud ta krústsjerke en waard der eastlik fan de tsjerke in dwersskip mei in fiifsidige apsis tafoege.
 
Westlik fan de tsjerke stie foarhinne in [[klokkestoel]] foar de lûdklok. Yn 1800 waard foar de klok in nije toer oan de tsjerke boud, dy't yn 1904 neffens in ûntwerp fan [[W.C. de Groot]] (1853-1939) ferfongen waard troch de hjoeddeiske toer.
 
Nei in lange perioade fan jild ynsammeljen waard de toer fan de Fitustsjerke yn de perioade 2009-2012 yn twa fases restaurearre. Ek it ynterieur, de glês-yn-lead-ramen yn de súdlike muorre en it doophek waarden renovearre.
Rigel 42:
== Ynterieur ==
[[File:Interieur, aanzicht orgel, orgelnummer 1461 - Tytsjerk - 20417204 - RCE.jpg|thumb|left|200px|Oargel]]
It ynterieur fan de Fitustsjerke waard yn 1949 feroare. Allinnich de preekstoel, it doophek en it oargel bleaune yntakt. De ikenhouten preekstoel en it doophek binne 18e -iuwsk. Yn de earms fan it dwersskip hingje buorden mei dêr op de [[Tsien Geboaden|Wet fan de Heare]].
 
Yn de toer hinget in klok út 1608 dy't yn it Dútske Saksen getten waard. De klok waard yn de [[Twadde Wrâldkriich]] út de toer helle om omgetten te wurden, mar kaam nei de oarloch skeind út Dútslân werom. Yn 1973 is de klok restaurearre.