Bitgummole: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
It doarp wie sterk op de lânbou rjochte en hie in [[feiling]] en in [[lânbouskoalle]]. Tsjintwurdich wenje der in soad forinzen yn it doarp, dy't yn de [[tsjinstensektor]] yn Ljouwert wurkje.
 
De belangrykste ûntslutingswei wie de J.H. van Aismawei, in gedielte fan de Middelseedyk, dêr't de measte huzen oan stiene. It wie de trochgeande wei fan Ljouwert oer [[Berltsum]] nei [[Minnertsgea]] en [[Seisbierrum]]. Troch de oanleine Westergoawei (S10) is de funksje fan de Van Aismawei as trochgeande dyk ferfallen. Dêrneist binne der ferbiningsdiken nei doarpen yn de omkriten: ‘de Ingelumerdyk nei [[Ingelum]], de Menamerdyk nei [[Menaam]] (nei it oanlizzen fan it [[Noard-west Tangint]] gjin trochgeande dyk mear), en de Langestrjitte rjochting [[Stiens]]. Bylâns dizze diken is geandewei ek bebouwing komd. Troch de oarspronklike dykbebouwing en lettere bebouwing lâns ferbiningsdiken hat Bitgumermole gjin buorren dêr't omhinne boud is. [[Bestimmingsplan]]nen fan nei de jieren jaren 50 hawwe derfoar soarge dat it gebiet tusken de diken yn beboud waard sadat de bebouwing wol kompakter waard, mar noch altiten sûnder buorren.
 
== Mienskip ==