Ouderkerk oan de Isel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Link gelijk aan linktekst
Rigel 41:
 
== Wettersneden ==
[[Ofbyld:Memorial MoordrechtWatersnoodramp 1953 Hollandse IJssel 02.jpg|thumb|right|260px|''Monumint "Dûbeltsje op syn kant" by [[Nieuwerkerk aan den IJssel|Nieuwerkerk]], as oantinken oan de [[wettersneed fan 1953]]. Dit monument stiet op it plak dêr't Arie Evergroen it gat tichte mei syn skip.'']]
 
Hoewol't [[Floaris V fan Hollân|Floaris V]] al yn [[1287]] in hânfêst stjoert nei Ouderkerk oer it ûnderhâld fan de diken, wuordt de Krimpenerwaard en dêrmei ek Ouderkerk meardere kearen troffen troch wettersneed. De twadde [[Sint-Elisabetsfloed (1421)|Sint Elisabetsfloed]] fan [[1421]] levert in [[dyktrochbrek]] op tusken [[Lekkerkerk]] en [[Krimpen aan de Lek]], wêrtroch't de hiele waard blank komt te stean. In adekwate en duorsume oanpak lit troch de [[Hoekse en Kabbeljauske twisten]] even op him wachtsje. Mar foar de ein fan dit [[desennium]] (nei de [[Soen fan Delft]]) pakke [[Filips de Goede|Philips fan Boergonje]] en [[Jacoba fan Beieren]] troch en wurdt [[Aelbrecht fan Naaldwijk]] (wêrnei't yn Ouderkerk in strjitte neamd is) de earste [[Dykgreve (wetterskip)|dykgreve]] fan it earste [[heechhiemraadskip]], it ''Hoogheemraadschap van de Krimpenerwaard''.