Froeks.TV: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
kt
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Froeks.TV logo (2).jpg|thumb|]]
'''Froeks.TV''' is in online stjoerder foar en troch jongerein yn [[Fryslân]] en [[Frysk]]talige jongerein bûten de provinsje. De side is yn [[2008]] opsetten mei subsydzje fan de [[provinsje Fryslân]] ta befoardering fan it brûken fan Frysk troch jongerein. De stjoerder wol middenyn de jongerein- en popkultuer stean. Dat kin allinnich om’t de stjoerder troch jongerein sels makke wurdt. Froeks-.TV bringt yn byld wat jongerein belibje en sit op it snijflak fan jongereinkultuer, ''social networking'' en tillefyzje meitsjen. Op de stjoerder kin elkenien mei syn of har eigen kanaal út ein sette.
 
De jongereinredaksje fan Froeks.TV makket alle dagen fideo- en webloch/nijsitems. De redaksje siket alle dagen it nijs op, djippet tema’s út en makket sels folsleine searjes. Dêrnjonken kin elkenien syn eigen filmkes uploade. It makket net út oft it mei de fideokamera of mei in mobyltsje makke is. Op de webside binne neist filmkes en eveneminten as Fryslân's Next Top Model, ek de soap en de [[Fryske Flow]] te sjen.
Rigel 14:
 
[[Kategory:Frysk]]
[[Kategory:Media yn Fryslân]]
[[Kategory:Ynternet]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2008]]