Eeltsje Boates Folkertsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 31:
 
== Blêden==
Yn 1920 begûn er mei it ienmans tydskrift ''[[Tsjûgenis (tydskrift)|Tsjûgenis]]''. Doe fûn er oansluting by it [[Kristlik Frysk Selskip]]. Hy hat meiwurke oan [[Yn ús eigen tael]] en waard yn [[1928]] redakteur fan [[De Stim fan Fryslân]]. Yn [[1945]] waard hy lid fan kommisje fan redaksje fan it [[Frysk Deiblêd]]. [[1949]] waard er ek redakteur fan it literêr blêd [[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]. Dêrneist skreau er yn mear blêden. Folkertsma syn wurk is dêrtroch tige ferspraat rekke.
 
Folkertsma krige út it fermidden fan it KFS ek wer nije maten. [[Fedde Schurer]], [[Ulbe van Houten]] en [[Inne de Jong]] fielden harren ynspirearre troch it wurk fan Folkertsma.