Noorder Compagnie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
kt
 
Rigel 1:
'''Toanielgroep De Noorder Compagnie''' wie fan [[1967]] oant [[1980]] in toanielselskip út [[Drachten]].
 
De artistike lieding wie yn hannen fan de oprjochters [[Jaap Maarleveld]] en syn frou [[Manon Alving]]. De saaklike lieding lei yn de begjinjierren by Jan A. de la Mar. Bekende akteurs fan dit selskip wienen ûnder oare [[Robert Sobels]], [[Diny de Neef]], [[Ad Noyons]], [[Sacco van der Made]], [[Fiet Dekker]], [[Babette Mulder]], [[Rutger Hauer]], [[Pieter Groenier]] en [[Joop Wittermans]]. <ref>Hans van Maanen, ''Het Nederlandse toneelbestel van 1945 tot 1995'' (Amsterdam University Press, 1997) side 172 [http://books.google.nl/books?id=beOuPB3CY5QC&dq (Tekst by Google Books)]</ref>It selskip gie ten ûnder troch konflikten tusken bestjoer, lieding en subsydzjejouwers oer de te folgjen artistike koers. De Compagnie socht in mjuks fan lichte stikken en eigentiids wurk fan [[Hugo Claus]], [[Harold Pinter]] en Kroetz. Se spilen benammen yn sealen en sealtsjes op it plattelân, mar mei teater [[De Lawei (teater)|De Lawei]] as thúsbasis. Yn 1980 waard it toanielselskip opheft, it argyf wurdt bewarre by [[Tresoar]]. De groep waard fuortsetten as Stichting Noordelijk Theater De Voorziening.
Rigel 12:
[[Kategory:Frysk toanielselskip]]
[[Kategory:Skiednis fan Drachten]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1967]]
[[Kategory:Organisaasje opheft yn 1980]]