Tsjonger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 12:
De Tsjonger begjint by de Drintske grins, tusken [[De Haule]] yn de gemeente [[Eaststellingwerf]] en [[Feanhuzen (Noardenfjild)|Feanhuzen]] yn de gemeente [[Noardenfjild]] yn Drinte. De rin gong likernôch dêr't it [[Hauler Diep]] leit. Fan dêr rint de rivier as de [[Boppe Tsjonger]] nei it westen en dan tusken [[Donkerbroek]] en [[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]] troch nei it suden.
 
Nei it krusen fan de [[Opsterlânske Kompanjonsfeart]] rint de rivier nei it westen en súdwesten, ûnder de namme "[[Tsjongerkanaal]]", om't de rivier hjir kanalisearre is, by [[Aldeberkeap]] del. Dêr lizze út en troch noch eardere meänders by de rivier, dêr't de grutste fan súdlik fan it [[Ketliker Skar]] lizze: de [[Tsjongerdellen]]. Foarby de Tsjonger-dellen rint de rivier nei it noardwesten, nei [[Mildaam]], mar rint dan wer nei it súdwesten, oant de [[Engelenfeart]].
 
Fan dêr ôf hjit de rivier gewoan De Tsjonger, en giet hieltyd noch kanalisearre fierder nei it súdwesten, oant de omkriten fan [[Rotstergaast]] ta. Dêr foarby giet de mear natuerlike rin fan de rivier fral nei it suden, troch [[it Wiid]], foarby [[De Langelille]], nei [[Skoattersyl]].