Arnulf fan Gint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 25:
 
==Skiednis==
Om't Arnulf yn [[Gent]] berne wie waard hy ek wol Arnulf fan Gent (''Gandensis'') neamd. Hy wie de âldste soan fan [[Diederik II fan Hollân|Diederik II]], de Greve fan [[Greefskip Hollân|Hollân]]. Arnulf troude yn [[980]] mei [[Liudgarde fan Lúksemboarch|Liudgarde]]. Sy wie in dochter fan [[Siegfried fan Verdun]], greve fan [[Greefskip Lúksemboarch|Lúksemboarch]] en [[Hadewig fan Lotharingen]]. Ut dit houlik waarden trije bern berne, ien dochter [[Adelina fan Hollân]] (likernôch 995? - ca 1045) en twa soans, [[Diederik III fan Hollân]] (likernôch 981 - [[27 maaie]] [[1039]]) en [[Siegfried fan Hollân]] (likernôch [[980]] - [[5 juny]] [[1030]]).
 
Yn [[983]] beselskippe Arnulf, keizer [[Otto II fan Dútslân]] nei [[Rome]]. Mei stipe fan dizze keizer koe hy syn grûngebiet fierder útwreidzje nei it suden ta.