Molkwardersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 22:
 
==Untwikkeling==
It is oannimlik dat it MolkwardersMolkwardersk in ûntwikkeling kend hat dy't sterk op dy fan it nau besibbe Hylpersk liek. Dat Hylpersk hat him meitiid ûntjaan kinnen om't it oan 'e kust sprutsen waard yn in stedsje dat net folle kontakt hie mei syn eigen efterlân, mar nammenste mear oriïntearre wie op 'e hannel mei de [[Hollân]]ske stêden oare kant de [[Sudersee]]. Sadwaande hat it Hylpersk in folle gruttere ynfloed fan it [[Hollânsk]] ûndergien as dat by de oare Fryske dialekten it gefal is. Benammen it [[Amsterdamsk]]e stedsdialekt hat troch de iuwen hinne in grutte ynfloed op it Hylpersk útoefene. Dêrnjonken hat it Hylpersk troch de [[seefeart]] ek bleatstien oan (iere) ynfloeden fan it [[Ingelsk]] en fan [[Noardgermaanske talen]] lykas it [[Noarsk]]. Om't Molkwar yn deselde krite leit en krekt as Hylpen in kustplak is dêr't foarhinne hannel en [[fiskerij]] yn 'e pleatslike [[ekonomy]] in grutte rol spilen, soe men oannimme kinne dat it Molkwarders in soartgelikense ûntsteansskiednis hân hat.
 
==Oerlevering==