Souder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
Rigel 2:
In '''souder''' is de boppeste [[ferdjipping]] fan in [[gebou]], direkt ûnder it [[dak]]. Meastal giet it dêrby om gebouwen mei in skean dak (lykas in [[sealdak]], in [[wolfsdak]], in [[skylddak]] of in [[puntdak]]). Sadwaande hawwe de measte souders teminsten twa wanden dy't skean omheech rinne en yn 'e midden byinoar komme. Fan gefolgen kin men net op 'e hiele souder rjochtop stean of rinne. Hat de boppeste ferdjipping fan in gebou alhiel gjin skeane wanden, dan mist it ien fan 'e wichtichste karakteristike fan in souder en wurdt it meastal ek net sa neamd. Oan 'e oare kant wurde by [[mole]]s en [[toer (gebou)|tuorren]] ek de legere ferdjippings oantsjut as souders.
 
It wurd 'souder' komt oarspronklik fan it [[Latyn]]ske ''solarium''. De oantsjutting 'souder' (of soudering) wurdt ek wol brûkt foar it [[plafon]] fan legere ferdjippings, al wurdt dêrby yn it [[Frysk]] ta ûnderskie fan 'e wiere souder faak de oantsjutting 'keamer-' ta foege: de keamerssouder. DerDe reden hjirfoardêrfoar is wierskynlik dat de measte [[hûs|huzen]] foarhinne út mar twa ferdjippings bestiene, en dat it plafonplafond fan 'e ûnderferdjipping dêrom de ûnderkant fan 'e souder wie.
 
Souders wurde faak brûkt foar de opslach fan guod dat men net fuort dwaan wol, mar dêr't men likemin (faak) ferlet fan hat. Ek wurdt it gauris brûkt as in plak om 'e [[wask]] op te hingjen om te drûgjen. Fierders is yn in protte wenten de [[cv-tsjettel]] op 'e souder ynstallearre. Likegoed komt it foar dat in souder brûkt wurdt as ekstra [[sliepkeamer]] (faak foar wat âldere [[bern (persoan)|bern]]) of as [[studearkeamer|studearromte]]. As in souder sa grut is dat der ien of mear [[keamer]]s yn ôftimmere wurde kinne, dan wurde sokke [[fertrek]]ken '''souderkeamers''' neamd.