Wetterskip Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 31:
Nei fúzjes yn 1938 en yn it begjin fan de jierren sechtich bleaunen noch alve ''seewarrende wetterskippen'' oer, dy’t yn 1980 fusearre waarden ta it ''Wetterskip Fryslân''. Yn 1993 gie dit op yn it nije ''Waterschap Friesland'', dat ek ferantwurdlik waard foar de nije wetterstân yn de Fryske boezem, de [[wettersuvering]] yn de provinsje en de wetterbehearsking op [[It Amelân]], [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]] en [[Skylge]]. Inkele jierren letter waard dit wetterskip omneamd ta ''Wetterskip Fryslân''.
 
Wat de ''net-seewarrende wetterskippen'' oanbelanget: yn 1958 telde Fryslân sa’n 1200 polders, feanpolders en wetterskippen. Sommige dêrfan wienen mar tige beskieden fan omfang, lykas it by Ljouwert lizzende wetterskip [[De Hûn (wetterskip Fryslân)|De Hûn]], dat mar krekt 27 [[hektare|ha]] grut wie. Yn de rin fan de tiid waarden dan ek in soad wetterskippen gearfoege. Dêrby spile ek de [[ruilferkaveling]] in rol: at dizze yn in bepaald gebiet dien wie, waarden nije wetterbouwurken yn eigendom oerdroegen oan it wetterskip dat foar de bemealling fan dat gebiet ferantwurdlik wie. De behear- en ûnderhâldskosten fan dizze wurken wienen lykwols heech en koenen troch de lytsere wetterskippen net opbrocht wurde. Boppedat wienen dizze finansjeel nei by steat om beropskrêften yn tsjinst te nimmen. Resultaat fan dizze ûntwikkelingen wie, dat yn 1976 nog mar alve boezemwetterskippen oer wienen. Yn 1997 waard dit oantal noch ris werombrocht ta fiif: it [[Wetterskip Boarn en Klif]], it [[Wetterskip Lauwerswâlden]], it [[Marne-Middelsee|Wetterskip Marne-Middelsee]], it [[Wetterskip Sânwâlden]] en it [[Wetterskip De Waadkant]]. Dizze fusearren yn 2004 meita it Wetterskip Fryslân, dat sûnt dy tiid yn oerflakte it grutste wetterskip fan Nederlân is. It ienichste oare wetterskip yn Fryslân is het noch altyd selsstannige [[Blije Bûtendyks]] yn de gemeente [[Ferwerderadiel]], dat bûten de fúzjeweagen bleau.
 
== Taken ==