Lieuwe Pietersen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 7:
Syn earste publikaasje wie ''Friesland in en rond het perk'' út [[1956]]. Twa jier letter folge troch ''Skûtsjesilen''. It bekende ''Sociologie van de sport'' kaam yn 1961 út. Hy wie yn 1969 de earste wittenskipper dy’t in serieus ûndersyk die nei de posysje fan it Frysk. De útkomsten fan dat ûndersyk publisearre er yn it boek ''De Friezen en hun taal'' (1969). Syn oare grutte publikaasje op dat mêd, ''Taalsociologie'' (1976), is sûnt it ferskinen ferplichte literatuer foar studinten fan de learareoplieding Frysk.
 
De earste romans wiene yn it [[Nederlânsk|Hollânsk]]: ''Femke B.'' (1984) en ''Draaiers mythe'' (1991). Dêrnei stapte er oer op it Frysk. Syn roman ''It fergryp'' waard yn [[1998]] bekroand mei in priis yn de romanpriisfraach[[Kristlik fanFryske deFolksbibleteek [[KFFBPriis]] foar romans. In weromkearend tema yn syn boeken is in haapersoanhaadpersoan dy't op 'e siik giet nei eat dat yn har ferline bard is.
 
Pietersen skreau al syn boeken foar de [[KFFB]] en wie dêryn tige produktyf. Meastentiids ferskynde der om de twa jier in boek fan syn hân. It nijste wurk wie útkommen yn maaie [[2012]], ûnder de titel ''De Untfiering'', en wie in [[detektiveferhaal|misdieroman]] dy't him ôfspile yn Ljouwert. Lieuwe Pietersen ferstoar ein [[maart]] [[2015]] nei in koart siikbêd.