Roomsk-Katolike Tsjerke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
De '''Roomsk-Katolike Tsjerke''', meastal ''de Roomske Tsjerke'', oprjochte yn 'e rin fan 'e [[1e iuw]], is de grutste leauwensrjochting yn it [[Kristendom]]. De ''[[Hillige Sit]]'', dat wol sizze de [[Paus]], it steatsekretariaat, de pauslike kongregaasjes en de pauslike rieden, is it haad fan de steatsrjochtlike takke fan Fatikaanstêd. Neffens it Roomske leauwen is de Paus, dy't sit hat yn [[Fatikaanstêd]], de plakferfanger fan [[Jezus Kristus]] op ierde en syn útspraken wurde as ûnfeilber beskôge.
[[Ofbyld:0 Basilique Saint-Pierre - Rome (1).JPG|thumb|right|300px|De [[Sint Pitertsjerke]] is it middelpunt fan [[Fatikaanstêd]].]]
As ynstitút en organisaasje is de Roomske Tsjerke unyk. It is de âldste organisaasje fan 'e wrâld dy't sûnder ûnderbrekkings funksjonearre hat, sûnt de [[1e iuw]], en is it iennichste ynstitút fan it [[Romeinske Ryk]] dat likernôch sûnder feroarings fuortbestiet oant de tsjintwurdige tiid. It [[argyf]] en de [[bibleteek]] fan it [[Fatikaan]] binne allyksa de âldste yn 'e wrâld.