Okke Hel (band): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
kt
Rigel 1:
'''Okke Hel''' is in [[Frysk|Frysktalige]] band út de begjin tachtiger jierren. Yn [[1979]] sette de band útein mei [[Piter Wilkens]], syn broer Sytse Wilkens en Henk Winters. It trio makke punk-rock mei [[new-wave]] ynfloeden. Letter kamen dêr [[funk]]-, [[reggae]]- en [[jazz]]-ynfloeden by. Henk Winters en Sytse Wilkens stoppen al wer gau mei de band en yn 1980 wie de gearstalling fan Okke Hel: ''Piter Wilkens'' (sjong en basgitaar), ''Domien de Winter'' (gitaar en sang) en ''Rudolf Spijkerman'' (drums). Oare leden wienen ''Douwe van der Werff'' (gitaar, [[piano]] en sang), ''Gelske Bergsma'' (toetsen), ''Peter van der Wal'' (basgitaar) en ''Rein Feenstra'' (drums).
 
Yn '''[[1984''']] hâlde de band der mei op, mar op it earste [[Aaipop|Aaipopfestival]] yn [[1987]] joech Okke Hel in reüny- én ôfskiekonsert. De band wurde doe foarme troch: ''Danny Homan'' (toetsen), ''Ymkje bij de Ley'' (sang), ''Oene Wagenaar'' (trompet), ''Hans Wijnbergen'' (alt-[[saksofoan]]), ''Jelle Douma'' ([[perkusje]]), ''Rudolf Spijkerman'' (drums), ''Henk Postma'' ([[gitaar]] en sang), ''Syb Eppenga'' (gitaar) en ''Piter Wilkens'' (bas en sang).
 
==Keppeling om utens==
Rigel 7:
 
[[Kategory:Fryske band]]
[[Kategory:Band oprjochte yn 1979]]
[[Kategory:Band opheft yn 1984]]