Floaris V fan Hollân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Floris V yn it koart
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 jul 2004 om 18.21

Floris V fan Hollân (* july 1254, Leiden - † 27 juny 1296, Muiderberg) wie greve fan Hollân en Seelân en letter brûkte er ek de titel "Hear fan Fryslân".

Floris V wie de soan fan Willem II fan Hollân en Elisabet fan Brunswyk. Doe't er noch gjin twa jier âld wie ferstoar yn 1256 syn heit op in fjildtocht tsjin de Friezen. Syn omke Floris de Foud waard regint oant dy yn 1258 ek ferstoar. Dêrnei wie syn muoike Aleid fan Avesnes syn regentes, oant Otto II fan Gelre yn 1263 it regintskip oernaam.

Yn 1266, doe't er hast tolve wie, waard er as grutminske sjoen, en âld genoch om sels it bewâld op him te nimmen. Doe't er fjirtsjin wie troude er, neffens in kontrakt út 1256, mei Beatriks fan Dampierre. Se krigen njoggen bêrn tegearre, Willem, Otto, Dirk, Floris, Jan I fan Hollân, Machteld, Beatriks, Elisabet en Margareta. Utsein Jan en Margareta binne se allegear jong ferstoarn. Fierders hie Floris ek noch wat bêrn yn it wyld rinnen. By namme bekind binne dêrfan Witte fan Haamstede, Kateryne, troud mei Sweder fan Montfoort, in Geraard, in Willem, in Alide, memme fan Willem de Laker, in Pieter en in Dirk.


Yn 1272 besocht Floris V foar it earst om it wurk fan syn heit ôf te meitsjen. Krekt 18 jier âld teach er fia Alkmar nei West-Fryslân yn de striid tsjin de Friezen, en hy koe noch krekt mei syn libben weikomme. Mar nei fierdere fjildtochten yn 1282 en 1287 wir er yn 1289 West-Fryslân by Hollân te foegjen. Nei 17 maart 1291 brûkt er dan ek de titel "Greve fan Hollân, Seelân en Hear fan Fryslân".

Tsjin dy tiid hie er ek de eastgrins fan Hollân sa fier as mooglik opskood, dat no rjochte er syn oandacht op súdgrins. Hy besocht dêrby mear fan Seelân ûnder syn bewâld te krijen. Yn 1290 gong dat skeef en waard er by Bierfliet finzen naam. Hy moast fiergeande konsesjes dwaan, mar ien kear frij hold er him dêr net mear oan. Hij gong fierder yn syn stribjen nei gebietútwreiding yn Seelân, en doe't syn stipe fan Edward I fan Ingelân wat dat oangie net genôch opsmiet gong er oer nei it Frânske kamp. Dit koe Edward fansels net akseptearre, en yn in komplot mei Gysbrecht fan Amstel, Gerard fan Felzen en Herman fan Woerden waard 27 juny 1296 besocht him op 'e nij finzen te nimmen. Dat slagge, mar om't de trije net weikomme koenen deaden se harren finzene.