Floaris V fan Hollân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Byskaafd
Aliter (oerlis | bydragen)
Lytse oanpassings.
Rigel 1:
'''Floris V fan Hollân'''
(* [[25 july]]? [[1254]], [[Leiden]]
- † [[27 juny]] [[1296]], [[Muiderberg]]) wie greve fan [[Hollân]] en [[Seelân]] en letter brûkte er ek de titel "Hear fan Fryslân".
 
== Jonge jierren ==
Floris V wie de soan fan [[Willem II fan Hollân]] en [[Elisabet fan Brunswyk]]. Doe't er noch gjin twa jier âld wie ferstoar yn [[1256]] syn heit op in fjildtocht tsjin de [[Friezen]]. Syn omke [[Floris de Foud]] waard [[regint]] oant dy yn [[1258]] ek ferstoar. Dêrnei wie syn muoike [[Aleid fan Avesnes]] syn regentes, oant [[Otto II fan Gelre]] yn [[1263]] it regintskip oernaam.
 
== Houlik ==
Yn [[1266]], doe't er hast tolve wie, waard er as grutminske sjoen, en âld genoch om sels it bewâld op him te nimmen. Doe't er fjirtsjin wie, yn [[1268]], troude er, neffens in kontrakt útdat Floris de Foud yn 1256 sletten hie, mei [[Beatriks fan DampierreFlaanderen]]. Se krigen njoggen bêrn tegearre, Willem, Otto, Dirk, Floris, [[Jan I fan Hollân]], Machteld, Beatriks, Elisabet en [[Margareta]]. Utsein Jan en Margareta binne se allegear jong ferstoarn. Fierders hie Floris ek noch wat bêrn yn it wyld rinnen. By namme bekind binne dêrfan [[Witte fan Haamstede]], [[Kateryne fan Montfoord|Kateryne]], troud mei [[Sweder fan Montfoort]], in Geraard, in Willem, in [[Alide]], memme fan [[Willem de Laker]], in Pieter en in Dirk.
 
== West-Fryslân ==
Yn [[1272]] besocht Floris V foar it earst om it wurk fan syn heit ôf te meitsjen. Krekt 18 jier âld teach er fia [[Alkmar]] nei [[West-Fryslân]] yn de striid tsjin de Friezen, en hy koe noch krekt mei syn libben weikomme. Mar nei fierdere fjildtochten yn [[1282]] en [[1287]] koe er yn [[1289]] West-Fryslân by Hollân foegjen. Nei [[17 maart]] [[1291]] brûkte er dan ek de titel "Greve fan Hollân, Seelân en Hear fan Fryslân". Nei syn dea besochten de West-Friezen yn [[1297]] noch ien kear om harren frijheid werom te winnen, mar se koenen harren net mear frijmeitsje van it Hollânsk gesach.
 
== Seelân ==
Mei it ferslaan fan de Friezen hie Floris V de noardlike grins fan Hollân sa fier opskood as mooglik. Yn de tuskentiid hie er Hollân ek nei it easten útwreide, dat no rjochte er de oandacht op de súdgrins. Hy besocht dêrby mear fan Seelân ûnder syn bewâld te krijen. Yn [[1290]] gong dat skeef en waard er by [[Bierfliet]] finzen naam. Hy moast fiergeande konsesjes dwaan, mar ien kear frij hold er him dêr net mear oan. Hij gong fierder yn syn stribjen nei gebietútwreiding yn Seelân, en doe't syn stipe fan [[Edward I fan Ingelân]] wat dat oangie net genôch opsmiet gong er oer nei it Frânske kamp. Dit koe Edward fansels net akseptearre, en yn in komplot mei [[Gysbrecht fan Amstel]], [[Gerard fan Felzen]] en [[Herman fan Woerden]] waard 27 juny 1296 besocht him op 'e nij finzen te nimmen. Dat slagge, mar om't de trije net weikomme koenen deaden se harren finzene.