Bantam Books: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 26:
Behalven ''mainstream''-[[literatuer]] jout Bantam ek in protte [[science fiction]]- en [[fantasy (sjenre)|fantasy]]boeken út, wêrûnder yn 'e jierren santich de alderearste [[roman]]s dy't basearre wiene op 'e populêre [[tillefyzje]]searje ''[[Star Trek]]''. Fierders publisearre de útjouwerij yn dyselde snuorje ek de rige ''Bantam War Books'', mei [[oarloch]]sromans dy't benammen oer de [[Twadde Wrâldoarloch]] giene, mar ek wol oer de [[Fjetnamoarloch]] of de [[Koreä-oarloch]].
 
De Ballantines ferlieten Bantam yn [[1952]] om harren eigen útjouwerij, [[Ballantine Books]], op te setten. [[SkylarkBantam (útjouwerij)Spectra|SkylarkSpectra]] (sûnt [[1985]]) en [[BantamSkylark Spectra(útjouwerij)|SpectraSkylark]] (sûnt [[19851990]]) binne [[ymprint]]s fan Bantam. Sûnt syn oprjochting is Bantam Books sels ferskate kearen oernommen, earst troch [[National General]] en letter troch de [[American Financial Group]] fan [[Carl Lindner]]. Yn [[1998]] waard it bedriuw oankocht troch it [[Dútslân|Dútske]] útjouwersconcern [[Bertelsmann AG]], dy't Bantam Books ûnderbrocht by syn difyzje Bantam-[[Doubleday (útjouwerij)|Doubleday]]-[[Dell Publishing Group|Dell]], dy't op syn beurt wer in ûnderdiel foarme fan [[Random House]].
 
Guon ferneamde [[auteur]]s dy't har wurk by Bantam útbrocht hawwe, binne: [[Maya Angelou]], [[Isaac Asimov]], [[Jean M. Auel]], [[Philip K. Dick]], [[Stephen R. Donaldson]], [[David Gemmell]], [[Graham Greene]], [[John Grisham]], [[Laurell K. Hamilton]], [[astronoom]] [[Stephen Hawking]], [[Hermann Hesse]], [[Robin Hobb]], [[Dean Koontz]], [[Robert Ludlum]], [[George R.R. Martin]], [[Anne McCaffrey]], generaal b.tsj. [[Norman Schwarzkopf]], [[komyk]] [[Jerry Seinfeld]] en [[Nobelpriis]]winners [[John Steinbeck]] en [[Elie Wiesel]].