Alfred A. Knopf, Inc.: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 27:
Knopf waard yn [[1915]] oprjochte troch de [[útjouwer]] [[Alfred A. Knopf sr.]], wêrby't er sels direkteur waard en syn frou [[Blanche Knopf]] adjunkt-direkteur. Sy wie it ek dy't it logo fan it bedriuw ûntwurp, dat in [[barzoi]] of Russyske wynhûn foarstelt ([[Ingelsk]]: ''borzoi''). Yn syn begjinjierren stie de útjouwerij derom bekend dat der behalven wurk fan Amerikaanske [[skriuwer]]s ek in protte boeken fan [[Jeropa|Jeropeeske]], [[Aazje|Aziatyske]] en [[Latynsk-Amearika|Latynsk-Amerikaanske]] auteurs útkamen. Fan [[1923]] ôf sette Knopf dêrnjonken útein mei it útjaan fan [[tydskrift]]en, wêrûnder it fearnsjierblêd ''The Borzoi Quarterly'', in útjefte oer de útjouwerij sels mei as doel om reklame te meitsjen foar de publisearre boeken. Fierders joech Knopf ek skoalboeken út oant de skoal- en kolleezjedifyzje fan Random House yn [[1988]] oerdien waard oan [[McGraw-Hill]].
 
Alfred A. Knopf sr. waard yn [[1957]] as direkteur opfolge troch syn frou, en doe't sy yn [[1966]] ferstoar, krige [[William A. Koshland]], dy't al sûnt [[1934]] foar it bedriuw wurke, de lieding. Underwilens wie de útjouwerij yn [[1960]] yn 'e hannen kommen fan konkurrint [[Random House]], dy't der lykwols in selsstannige organisaasje foar hanthavene. Nei't yn [[1961]] ek [[Pantheon Books]] oankocht wie, waard dy ymprint by Knopf ûnderbrocht. Yn [[1991]] blies Knopf de [[Everyman's Library]] nij libben yn (oarspronklik oprjochte yn [[1906]]), in rige klassiken yn ''[[hardcover]]''-edysje. In protte ''hardcover''-útjeften fan Knopf wurdewaarden fan [[1954]] ôf letter werútjûn as ''[[paperback]]s'' ûnder de ymprint [[Vintage Books]]. Random House waard yn [[1998]] oernommen troch it [[Dútslân|Dútske]] útjouwersconcern [[Bertelsmann AG]], dat Knopf yn [[2009]] mei [[Doubleday Publishing]] ûnderbrocht yn 'e Knopf-Doubleday Publishing Group, in ûnderdiel fan Bertelsmanns [[Bantam Books|Bantam]]-[[Doubleday Publishing|Doubleday]]-[[Dell Publishing|Dell]]-difyzje.
 
==Keppelings om utens==