Magmafilm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
 
Rigel 22:
| webside = [http://www.magmafilm.com www.magmafilm.com]
}}
'''''Magmafilm GmbH''''' is in [[Dútslân|Dútske]] [[pornografy]]ske filmstudio dy't fêstige is yn [[Essen (Dútslân)|Essen]], yn 'e [[Dielsteaten fan Dútslân|dielsteat]] [[Noardrynlân-Westfalen]]. It bedriuw waard yn [[1988]] troch [[Walter Molitor]] oprjochte ûnder de namme ''MTC''. Oant [[2004]] waard it laat troch Molitor syn soan [[Nils Molitor]]. Tsjintwurdich is ''Magmafilm'' mei ''[[Videorama]]'' ien fan 'e beide ferneamdste en grutste spilers yn 'e Dútske pornoyndustry.
 
Yn [[2000]] naam ''Magmafilm'' de [[Switserlân|Switserske]] pornostudio ''[[Mascotte Film AG'']] út [[Suerich (stêd)|Suerich]] oer, dy't doe al 35 jier warber wie as selsstannich produsint yn 'e Jeropeeske pornoyndustry. Sûnt binne net inkeld de rjochten op 'e films fan ''Mascotte Film'' sels, mar ek dy op 'e films dy't produsearre wurde troch ''Magmafilm'' en syn Dútske [[ymprint]] ''Tabu'', ûnderbrocht by ''Mascotte Film''. Yn [[2007]] wie ''Magmafilm'' it earste [[Jeropa|Jeropeeske]] pornolabel dat in film, ''Porn Hard Art'', útbrocht op [[blu-ray]]. De moanne ferskine der sa'n 24 nije titels. Under de [[pornoaktrise|aktrises]] dy't foar ''Magmafilm'' wurke hawwe, binne [[Julia Channel]], [[Annina Ucatis]], [[Angel Dark]] en de [[Turkije|Turksk]]-Dútske [[Sibel Kekilli]] (ûnder de [[skûlnamme]] ''Dilara''), dy't neitiid namme makke hat as ''[[mainstream'']]-[[aktrise]].
 
==Keppelings om utens==
* {{de}}[http://www.magmafilm.com/ Offisjele webside fan ''Magmafilm'']
 
{{boarnen|boarnefernijing=