KFFB: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
De '''KFFB''' (Kristlik Fryske FolksBibleteek), yn [[1934]] oprjochte fanút it [[Kristlik Frysk Selskip]], is de Fryske boekeklup en kin sjoen wurde as de Fryske wjergader fan de [[Fryske Bibleteek]] en de Nederlânske boekeklups lykas ECI. De KFFB wurket mei in abonnemintesysteem. Abonnees krije trije kear jiers in boek thús besoarge troch pleatslike kontaktpersoanen. Sadwaande binne de distribúsjekosten leech en de te ferkeapjen oplages yn 't foar goed yn te skatten. Njonken dy trije jierlikse útjeften jout de KFFB ek oar wurk út dat los te keap is. '[[De Fleanende Krie]]' is it hûsorgaan fan de KFFB dêr't hja de leden mei op de hichte hâldt oer nije útjeften ensafuorthinne.
 
De [[Kristlik Fryske Folksbibleteek priis]] is de jierlikse priis fan de klup.