Patriottetiid yn Boalsert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Neiwurking: hegere res.
Rigel 34:
 
== Neiwurking ==
[[Ofbyld:Executie-burgemeester-burg-van-bolswardExecutieburg.jpg|300px|thumb|left|Ien fan de trije ôfbylden fan de symboalyske eksekúsje fan Cornelis van den Burg op 16 maaie 1789 yn Ljouwert]]
 
De sân efterbleaune offisieren fan de frijwillige skutterij en trije boargerkommitearden - earder dy moanne yn sân hasten beneamd om de froedskip te kontrolearjen - waarden yn de nacht fan 1 oktober yn in [[trekskûte]] nei Ljouwert brocht. Under harren wie de menniste fabrikant Wopke Cnoop, dy't yn de finzenis in koart betize deiboek byhold fan wat er mei makke. Troch in misferstân - it wie net dúdlik wa't de kaai hie - fergeat de flechtsjende Van Beyma (of syn sekretaris} ûndertekenen en dus tige belêstende stikken út Frjentsjer wei mei te nimmen. Foar justysje wie it dêrnei "maklik" in sântal patriotten út Boalsert te feroardielen. Cornelis van den Burg krige ien fan de swierste straffen dy't destiids útsprutsen binne. Hy waard ta de dea feroardield fanwege syn radikale demokratyske opfettings. Dochs, blyndoeke en knibbeljend op it skafot waard hy binnen roppen. Hy krige te hearren dat him foar tweintich jier de tagong ta Fryslân ûntsein waard en binnen trije dagen it lân romje moast. De oare finzenen krigen tsien, seis, fjouwer jier ferbanning of in jildboete oplein. Twa finzenen stoaren yn finzenskip troch de ekstreme winter yn [[1788]], dy't al betiid ynfoel. Van den Burg gie nei syn freonen yn Noard-Frankryk. Dêr learden inkele tûzenen patriotten oer de prinsipes fan de [[Frânske Revolúsje]] en wachten oant de kânsen keare soene.