Ipen (skaai): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
→‎Tapassings: redteket
Rigel 18:
Ipeblêd hat in lange skiednis as feefoer. Yn de grutte hûngersneed fan 1812 yn Noarwegen hat de seane bast fan de Yp in soad minsken fan de hûngerdea rêden. It ipesied is ek streksum, it befettet sa'n 45% aaiwyt en < 7% rizel. <ref name=Osborne>Osborne, P. (1983). The influence of Dutch elm disease on bird population trends. ''Bird Study'', 1983: 27-38.</ref>
 
Fan de 18e iuw oant begjin 20e iuw waard de ipebeam oeral yn [[Jeropa]] en [[Noard -Amearika]] foar de sier oanplante. Sy waarden bylâns diken, wat in soarte fan tunneleffekt joech, en om pleatsen set, yn stêden en doarpen. Yn Fryslân bestie de beambeplanting op de klaai- en feankrite meast út ipebeammen. De âlde rykswegen dêre (b.g. de [[Grinzer Strjitwei]]) wienen der mei beplante. Oare skaaimerken fan de yp binne dat se goed oer loftfersmoarging kinne en dat it ôffallen blêd hurd wei wurdt.
 
== Soarten ==