Sumar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 17:
;Tsjerke
[[File:Kerkje van Suameer.jpg|thumb|250px|Tsjerke fan Sumar]]
De yn 1769 boude [[Tsjerke fan Sumar|doarpstsjerke]] oan de grutte Buorren is de opfolger fan in koart dêrfoar ôfbrutsen tsjerke. Wer dêrfoar hat der nei alle gedachten in houten tsjerkje stien. It bewenne gebiet fan Sumar lei doe in stik noardeastliker, dêrtroch stiet de tsjerke net yn de midden, mar krekt oan de noardeastside fan it hjoeddeiske doarp. Oan de HeareweiHearenwei stiet de (eardere) grifformearde tsjerke[[Rehobothtsjerke (Sumar)|Rehobothtsjerke]], de lêste tsjerketsjinst wie op 13 febrewaris 2005. It gebou wurdt no bewenne. Foargonger Joute van der Meer lei op 5 oktober 1911 de earste stien. Nei him is op Sumarreheide in wei neamd. Ek oan de Hearewei (tichtby de Tike) hat oant ± 1925 noch in gebou stien dat as tsjerke brûkt waard. Yn 2009 wurde allinnich noch tsjerketsjinsten hâldholden yn de Doarpstsjerke yn it doarp.
;Yndustry
Nei 1900 ferlear Sumar geandewei it karakter as boeredoarp. Benammen yn it noarden, by de Grinzer feart (no Prinses Margrietkanaal) fêstigen har ferskate yndustryën. Dizze bedriuwen hienen noch in dúdlike bining mei de lânbou en feetylt. Yn dit ramt kin it [[sûkerei]]fabryk neamd wurde en de N.T.F. (letter Rendac neamd, tsjintwurdich Sonac, it 'stjonkfabryk'). It [[molkfabryk]] fan Sumar stie net yn it doarp, mar op [[De Harste]], in [[buorskip]] súdeastlik fan it doarp. Fan dizze agraryske yndustryën slute it sûkereifabryk de doarren om 1920, it molkfabryk yn 1931. De N.T.F/Rendac/Sonac sit noch yn Sumar, en net yn Burgum sa't faak tocht wurdt. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] fêstigen har mear yndustryen yn Sumar. De skipswerf kaam op it terrein fan it eardere sûkereifabryk. Foar it papierfabryk en Burgum Stielbou (in Sumar) waard in nij yndustryterrein oanlein. Om 2000 waard dit útwreide en kamen mear bedriuwen en bedriuwkes yn Sumar.