Baarch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L typfl
Rigel 15:
De '''baarch''' ([[Latyn]]ske namme: ''Sus scrofa domesticus'') is de domestisearre foarm fan it [[everswyn]] (al wurdt er inkeld ek wol beskôge as in aparte bistesoart: ''Sus domestica''). It is in lid fan it [[skift]] fan 'e [[evenhoevigen]] en de [[famylje]] fan 'e [[bargen]], dat fiif- oant seistûzen jier lyn foar it earst troch de minske as [[húsdier]] holden waard foar it fleis, al giet it tsjintwurdich ek wol troch foar [[selskipsdier]]. Yn [[Nederlân]] wurde hjoed de dei goed 20 miljoen bargen holden. Op 'e manear sa't dat tsjintwurdich om en ta giet, binne se tige fetber foar sykten as de [[bargepest]]. Yn 'e lear fan it [[joadendom]] en de [[islam|islaam]] wurdt de baarch oantsjut as in [[religieuze ûnreinens|ûnrein]] bist, en oanhingers fan dy [[godstsjinst]]en is it ferbean en yt bargefleis.
 
==AlgemienAlgemiene beskriuwing==
De baarch is een yntelligint, nijsgjirrich, sosjaal en, nettsjinsteande syn reputaasje, relatyf skjin bist, dat goed te belearen is. Troch fokkerij besteane der hjoed de dei witwat ûnderskate bargerassen. As selskipsdier is fral it [[hingbúkswyn]] populêr. Yn grutte parten fan 'e wrâld besteane populaasjes fan ferwyldere bargen, wêrfan't de foarâlden faak útset binne troch westerske seelju om op fêste punten op harren reizen oan farsk fleis komme te kinnen. Gauris rjochtsje sokke ferwyldere bargen grutte [[ekology]]ske skea oan yn dy gebieten, bgl. om't se der gjin natuerlike fijannen hawwe en/of om't it plantelibben net tsjin harren opwoeksen is. Kontreien dêr't ferwyldere bargen foarkomme, binne û.o. [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Nij-Seelân]] en in grut tal eilannen yn 'e [[Stille Súdsee]].
[[Ofbyld:Clp Bentheimer Schwein.jpg|left|thumb|250px|In bûnte Bentheimer.]]