Ferskil tusken ferzjes fan "Mildred L. Batchelder Award"

kt
(kt)
De '''''Mildred L. Batchelder Award''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[literatuer]]priis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e [[útjouwer]] fan 'e as bêste beoardiele [[Ingelsk]]talige en yn 'e Feriene Steaten publisearre oersetting fan in oarspronklik oarstalich [[berneboek]]. De tawizing en útrikking fan 'e priis wurdt beävensearre troch de ''[[Association for Library Service to Children]]'' (ALSC), de berne-ôfdieling fan 'e ''[[American Library Association]]'' (ALA). De earste útrikking fûn plak yn [[1968]]; yn [[1978]] en [[1993]] waard der gjin ''Mildred L. Batchelder Award'' útrikt. De priis is ferneamd nei [[Mildred L. Batchelder]], in eardere direkteur fan 'e ALSC, dy't har der o sa op talei om 'e barriêres fan misbegryp tusken lju fan ferskillende [[kultuer]]en, [[ras (klassifikaasje fan minsken)|rassen]], [[folk]]en en [[taal|talen]] op te heffen.
 
De ''Mildred L. Batchelder Award'' is troch de jierren hinne seis kear útrikt foar in fan oarsprong [[Nederlânsk]]talich berneboek, de lêste kear yn [[2015]], foar ''Mikis and the Donkey'' (in oersetting troch [[Laura Watkinson]] fan ''Mikis, de Ezeljongen'', fan [[Bibi Dumon Tak]], út [[2011]]). Foar in folsleine list mei winners, sjoch op [[:en:Mildred L. Batchelder Award#Recipients|dizze side]], op 'e Ingelske Wikipedy.
 
==Keppelings om utens==
[[Kategory:Amerikaanske berneboekepriis]]
[[Kategory:Amerikaanske literatuerpriis]]
[[Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1968]]