Three-ality: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 2:
'''Three-ality''' is in Fryske popgroep. Yn 2002 wûn Three-ality de sjuerypriis en publykspriis by it Fryske sjongfestival [[Liet]], doe noch ûnder de namme ''Flat out''. Doe't der noch in band blykte te wêzen mei de namme Flat out waard de namme feroare yn Three-ality. Dêrnei folge ek in earste plak op it streekfestival fan Nederlân. Nei in toernee mei [[Nynke Laverman]] en [[De Kast]] dienen se mei oan in troch [[Leoni Jansen]] organisearre teatertoernee troch Nederlân mei as titel " Made in Holland".
 
[[Maeike Sijtsma]], [[Sanne Hoeksma]] en [[Femke Hoeksma]] kamen yn [[1995]], se wienen doe sawat fyftjin jier, mei elkoar yn de kunde yn in bernekoar. Se binne dêrnei net ophâlden te sjongen. Under de namme Three-ality, in gearfoeging fan trije en realiteit waard it serieuzer. Producer Onno Krijn (man fan Leoni Jansen) joech de oanset ta in modern pop-/wrâldmuzykalbum mei Nederlânsktalige lietsjes út de Midsiuwen. It album 't Minne sit ek fol mei ûndogenske teksten en is in kombinaasje fan âlde en nije teksten en ynstruminten.
 
== Gearstalling ==
De groep hat trije sjongsters:
* [[Maeike Sijtsma]] ([[21 juny]] [[1983]] – [[5 oktober]] [[2012]])
* [[Femke Hoeksma]] ([[3 maaie]] [[1985]])
* [[Sanne Hoeksma]] ([[23 jannewaris]] [[1987]])
Maeike Sijtsma naam it plak yn fan Marieke Meijer. It trio wurdt begeliede troch Rhody Matthys (piano en strings), Andert Tysma (bas), Ruben Mulder (drums), Gerlof Langhout (gitaar), Rik Meijer (gitaar), Nico Outhuijs (gitaar), Anniek Honan (viool), Tineke Dantuma (viool), Esther Veenstra (viool), Maarten van Zaam (sello) en Jacobien van Vugt (hobo).
Dizze formaasje wûn ek it Streeksongfestival 2002 yn Hengelo. Three-Ality fersoarge backing vocals foar Reboelje en De Fryske Stjerrejûn. Nei it hommels ferstjerren fan Maeike Sijtsma, yn [[2012]], foel de groep útinoar.