Evenhoevigen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Rigel 41:
| beskriuwer, jier = Owen, 1848
}}
De '''evenhoevigen''' ([[Latyn]]skewittenskiplike namme]]: ''Artiodactyla'') foarmje in [[skift]] fan 'e [[klasse]] fan 'e [[sûchdieren]] (''Mammalia'') dat karakterisearre wurdt troch it hawwen fan twa teannen (of oars sein: spjalten hoeven); de beide bûtenste teannen binne rudimintêr oanwêzich. De evenhoevigen binne benammentlik bekend as de meast súksesfolle [[herbivoar|plante-iters]] dy't der binne. Lang wiene de [[ûnevenhoevigen]] de meast súksesfolle groep hoefdieren, mar dy ferlearen dy posysje doe't yn it [[Mioseen]] de wâlden romte makken foar gerzige flakten.
 
In stikmannich soarten evenhoevigen binne domestisearre troch de [[minske]] en binne fan krúsjaal [[ekonomy]]sk belang, lykas de [[ko]], it [[skiep]], de [[geit]], de [[baarch]], it [[kamiel]], de [[lama]] en it [[rindier]]. Hja binne wol tige fetber foar sykten as [[tongblier]], wat de ûnevenhoevigen (lykas it [[hynder]] en de [[ezel]]) wer net binne.