De Griene Ierde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
in lytse tafoeging oer it omslach
L red
Rigel 35:
 
==Fryske oersetting==
De [[Frysk]]e oersetting fan ''Green Earth'' ferskynde yn [[2013]] ûnder de titel ''De Griene Ierde'', yn in fertaling fan 'e hân fan [[Geart fan der Mear]], dy't earder û.m. ''[[Tess of the d'Urbervilles]]'', fan [[Thomas Hardy]], en ''[[Idylls of the King]]'', fan [[Alfred Lord Tennyson]] oersette. ''De Griene Ierde'' waard útjûn troch de [[Utjouwerij Elikser]] te [[Ljouwert]], mei in tige oansprekkend en tapaslik omslachûntwerp fan Evelien Veenstra, op basis fan troch Fan der Mear sels oanlevere materiaal, dat him skonken iswie troch Freya Feikema, de [[dochter]] fan Manfred,'e Freyaskriuwer.
 
[[Oersetter]] Fan der Mear hat mei dit boek in goed jier, fan [[21 novimber]] [[2011]] oant [[15 desimber]] [[2012]], besteld west. Yn in artikel fan [[Sietse de Vries]] yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]'' fan [[12 july]] [[2013]] seitsei Fan der Mear: ''"Sjoch, it Frysk is in frij beheinde taal. It hat in soad wurden foar it boerewurk en foar it doarpslibben en de ambachten dy't dêrby hearre. Mar ast de grutte wrâld beskriuwe wolst, hat it dêr faak gjin wurden foar. It Nederlânsk is wat dat oangiet folle riker en it Ingelsk is noch wer twa kear sa ryk. Nammerste grutter is de útdaging om Ingelske boeken oer te setten yn it Frysk."'' De Vries ljochtetljochte dêrby ta: ''"[Fan der Mear] hat besocht it yn eigentiidsk Frysk oer te setten en sa min mooglik wurden brûkt dy't net yn de sprektaal foarkomme."'' Dat docht er mei wurdgebrûk as "baby" ynstee fan "poppe"; "droom" ynstee fan "dream"; "toch" ynstee fan "dochs"; "ferdedigje" ynstee fan "ferdigenje"; "geweten" ynstee fan "gewisse"; en "Ingels" ynstee fan "Ingelsk". De mienings sille deroer ferdield wêze oft soks yn it gefal fan in boek as ''De Griene Ierde'' wol needsaaklik of moai is en net just [[anagronisme|anagronistysk]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=