Register van de Aanbreng: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
LNo edit summary
Rigel 1:
'''''Register van de(n) Aanbreng''''' asof '''''Staat van Aanbreng''''' wie in ynventarisaasje, oanlein yn [[1511]] en [[1514]], fan alle belestingplichtige huzen en grûn mei de nammen fan de eigners en brûkers yn [[Fryslân]]. It wie de grûnslach foar de [[floreen]]rinte, doe noch in aparte ferheging fan de saneamde [[jiertaks]]. It joech de soarte fan ynformaasje dy't letter ek yn it [[kadaster]] opnaam waard, mei de hierwearde fan de grûn.
 
Itselde systeem is brûkt oant de [[Frânske tiid]]. It register waard yn [[1880]] yn fjouwer dielen printe fanwege it [[Frysk Genoatskip]], besoarge troch [[Wiardus Willem Buma]], en yn 1942 - 1954 yn fiif dielen útjûn troch de [[Fryske Akademy]]. It ''Register fan de Aanbreng'' is foar skiedkundigen fan belang foar it witten fan ûnder mear plak- en persoansnammen en is te lêzen yn de [[Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren|DBNL]].