Ierdappel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Daam (oerlis | bydragen)
keuring
Rigel 158:
=== Biologyske tylt ===
Yn de [[Biologyske lânbou|biologyske ierdappeltylt]] wurdt net spuite. It gefolch is wol, dat it groeiseizoen daliks oer is sadree’t in persiel op gruttere skaal rekke wurdt troch phytophthora. Lytse besmettings kinne noch útrûge wurde troch de planten pleatslik dea te brânen. Fóár de rispinge wurde de planten op it hiele persiel deabaarnd. Troch iere besmetting wurdt der gâns minder rispe by de biologyske tylt en mei’t dy besmetting frijwat ritich is binne de jieropbringsten slim wikseljend. Om’t biologyske produkten meast streekrjocht oan de klant ferkocht wurde, leannet de tylt dochs.
 
== Keuring ==
 
Yn it foarste plak is de boer sels ferantwurdlik foar de kwaliteit en sûnens fan de ierdappels. Lykwols binne der (strange) kontrôles, sawol op it lân as by it bewurkjen (bewarjen, lêzen, sortearjen) fan ierdappels. Dy kontrôle wurdt dien troch de NAK<ref>http://http://www.nak.nl/aardappelen</ref>. De NAK hâldt de sûnens, rassuverens en kwaliteit yn de gaten. Der binne sa’n 85 karmasters aktydf dy’t om ende by 38.000 hektare poaters beöardielje. Partijen ierdappels dy’t oan alle easken foldogge wurde troch de NAK sertifisearre. Sûnder sertifisearring troch de NAK binne ierdappels net te ferhanneljen.
 
== Top ierdappelprodusearjende lannen ==