Lauwersmar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 8:
De wichtichste reden foar de ôfsluting wie de feilichheid. Nei de [[wettersneed fan 1953]] stie [[Rykswettersteat]] foar de kar de diken om de Lauwerssee (dy't sels ûntstie troch de [[Stoarmfloed fan 1280]]) te ferheegjen ta [[deltahichte]], of de seeearm ôf te sluten. Under druk fan benammen de Fryske befolking (aksjeslogan: ''De Lauwerssé moat ticht!'') waard foar de twadde opsje keazen. De Grinzers -benammen dy fan [[Sâltkamp]]- wienen destiids minder bliid mei sluting, om't de [[garnalenfiskerij|garnalen]]float en haven dêrtroch nei de nije haven fan [[Lauwerseach]] ferpleatst wurde moast.
 
Nei de ôfsluting kaam in part fan de eardere seeboaiem drûch te lizzen. Yn de earste jierren waarden grutte dielen hjirfan gewurde litte, dêrtroch koe in protte natoer út himsels ûntstean. By de âlde kuststripe lâns binne de eardere [[kwelder]]s ynrjochte as lânbougebiet. Troch ôfdaming en hieltyd trochgeande ynstream fan it [[Reitdjip (rivier)|Reitdjip]], [[Dokkumer Ie]] en [[Dokkumergrutdjip]] waard it wetter fan sâlt earst [[brakwetter|brak]] en dêrnei [[swiet wetter|swiet]]. De natoer is hjirby mei feroare. Yn [[2003]] krige in grut diel fan it Lauwersmargebiet de status fan in [[nasjonaal park]], as it [[Nasjonaal Park De Lauwersmar]].
 
== Wetterhúshâlding en ferbinings ==