Earmoedegrins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L [[]]
 
Rigel 2:
De '''earmoedegrins''' of it '''ynkommensminimum''' is it [[ynkommen]] dat men brek is om foarsjen te kinnen yn jins [[basisbehoefte]]n. Under basisbehoeften wurdt ferstien: de minimale betingsten dy't nedich binne om in minskweardich bestean liede te kinnen, lykas [[klean]], [[wetter|drinkwetter]], foldwaande [[iten]], goede húsfêsting, [[ûnderwiis]] en [[sûnenssoarch]]. As men in ynkommen hat dat gelyk is oan 'e earmoedegrins, wol dat sizze dat jins ynkommen hielendal op giet oan it foarsjen yn jins basisbehoeften. Der is dan hoegenamt gjin frij te besteegjen ynkommen mear oer. As men ûnder de earmoedegrins libbet, wol dat dat sizze dat men te min jild hat om in minskweardich bestean te lieden. Wrâldwiid is dat by likernôch 1,2 miljard minsken it gefal, oftewol by sa'n 17% fan 'e wrâldbefolking.
 
Feitliks is de earmoedegrins in [[statistyk|statistysk]] begryp, wêrfan't de presize definysje per lân ferskilt. Yn ûntwikkele lannen lykas [[Nederlân]] leit de earmoedegrins folle heger as yn [[ûntwikkelingslân|ûntwikkelingslannen]], mar oan 'e oare kant moat men ek rekkenje dat it libben yn ûntwikkele lannen folle djoerder is as yn ûntwikkelingslannen. Ornaris wurdt de ynternasjonale earmoedegrins likernôch steld op in ynkommen fan [[Amerikaanske dollar|$]]1,– deis. Wa't fan minder as dat bedrach rûnkomme moat, libbet dus yn [[earmoede]] en kin net foar de folle hûndert persint yn syn eigen basisbehoeften (of dy fan syn bern) foarsjen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=